Rêsten bôge keizer Titus fûn

maaie 29, 2015 09:01

Argeologen hawwe by opgravings yn Rome de rêsten fan in twadde oerwinningsbôge fan de Romeinske keizer Titus fûn. Yn it histoaryske Circus Maximus binne ûnder oaren stikken fan in moarmeren sokkel fûn, sa meldt de tsjinst kultuer fan Rome. De rêsten fan de bôge wurde wer yn de grûn bedobbe, oant Rome genôch jild hat om alle stikken op te graven en de bôge te restaurearjen.

De tsjinst kultuer hat it fermoeden dat it monumint ûnder mear bestie út trije ferwulften en fjouwer frijsteande pylders. De al bekende triomfbôge fan Titus stiet by it begjin fan it Forum Romanum. Dat foarum wie eartiids it politike, religieuze en kommersjele sintrum fan Rome. De bôge is nei alle gedachten yn de earste iuw nei Kristus boud yn opdracht fan keizer Domitianus, ta eare fan syn ferûngoade broer en foargonger Titus.

maaie 29, 2015 09:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.