Protesten yn De Haach tsjin gasboarring Skylge

maaie 27, 2015 09:10

Op it Plein yn De Haach wurdt woansdeitejûn in manifestaasje holden tsjin gaswinning op Skylge. De aksje is opset troch aksjegroep GasTfrij Skylge, Miljeudefinsje en de Waadferiening. SkylgeMei tsientallen Skylgers en in tal sympatisearjende Keamerleden sjonge hja ûnder oaren in protestliet. De protestearjende klups binne op de winning fan gas op it Waadeilân tsjin, omdat de natuer en it miljeu derfan te lijen ha sille. Boppedat lykje de opbringsten nei ferwachting lyts te wêzen. Mei Skylger gas kinst Nederlân 2,5 dei jiers fan gas foarsjen en dat foar mar tweintich jier, seit foarsitter Annet van Essen fan GasTfrij Skylge.

De Twadde Keamer redendielt woansdeitemiddei mei minister Henk Kamp (Ekonomyske Saken) oer de gaswinning by Skylge. Kamp nimt dêr dizze simmer in beslút oer. Gadingmakker oan de gaswinning is oaljemaatskippij Tulip Oil. Op it eilân ûntstie ûnrêst neidat buorkundich waard dat it bedriuw nei gas boarje wol. De eilânbewenners en protestgroepen hawwe ek soargen oer de komst fan frachtferkear nei it eilân, it brûken fan gemikaliën en ûntwikkeling fan CO2 as gefolch fan de gaswinning. It Waadeilân Skylge hat in beskerme status.

Update: Minister Kamp stelt syn beslút oer gaswinning op Skylge troch Tulip Oil mei in jier út. Hy nimt net dizze simmer in beslút, mar pas yn 2016. De Twadde Keamer hat him earder al tsjin de plannen útsprutsen. Under oaren regearingspartij PvdA hat him by de tsjinstanners oansletten.

maaie 27, 2015 09:10
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Aage M maaie 27, 16:02

    Wer hellet Annet van Essen dizze informaasje fan hinne? Boarne?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.