‘Pirateskat fûn by Madagaskar’

maaie 13, 2015 09:16

Argeologen tinke dat hja by Madagaskar in part fan de skat fan piratekaptein William Kidd fûn ha. De sulveren stêf fan fyftich kilo wurdt bewekke troch militêren op it eilân Sainte-Marie. Dat hat de BBC bekend makke. It sulver waard oan lân brocht troch dûkers. De skat waard dêrnei yn in spesjale seremoanje presintearre oan de presidint en westerske diplomaten. Neffens de lieder fan it tiim dat de stêf fûn, is it sulver nei alle gedachten ôfkomstich út it wrak fan in pirateskip.

Op 1 april 1698 berikte Kidd Madagaskar. Doe’t Kidd weromgong nei New York waard er arrestearre. Hy waard letter weromstjoerd nei Ingelân, dêr’t er berjochte waard foar moard en piraterij. Hy waard skuldich achte en op 23 maaie 1701 ophongen yn Londen.

De kweaferneamde kaptein hat neffens de oerlevering in grut part fan syn bút ferburgen. De lokaasje fan de skat gong mei de Skot it grêf yn. Yn de folkskultuer leauden de lju noch lang dat kaptein Kidd earne in geheime skat begroeven hie. Oant yn de Ingelske literatuer waard Kidd neamd. Yn Edgar Allan Poe’s The Gold Bug en Robert Louis Stevensons Treasure Island spylje Kidd en syn skat in grutte rol.

maaie 13, 2015 09:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.