Natuurmuseum Fryslân bêste Kidsproof Museum 2015 yn de provinsje Fryslân

maaie 30, 2015 19:36

Woansdei 27 maaie waarden yn it Spoorwegmuseum te Utert de prizen útrikt oan de bêste Kidsproof Musea de provinsje en foar hiel Nederlân. It Natuurmuseum wie mei 224 ynspeksjes mei in trochsnee sifer fan 8,6 it bêste Kidsproof Museum fan Fryslân.

Alle jierren ropt de Museumferiening bern op om nei musea ta te gean én dy te ‘bemasterjen’. Bern meie as wiere Museumynspekteurs harren miening jaan oer withoefolle saken lykas de kwaliteit fan de útstallingen, oft se nije dingen leard hawwe en wat se feroarje soenen as se sels ien dei de baas wêze soenen.

Dit is it twadde jier efterinoar dat it Natuurmuseum dizze priis wint. Yn 2014 waard it museum ek útroppen ta bêste Kidsproof Museum fan Fryslân, doe mei in trochsnee sifer fan 8. It bêste Kidsproof Museum fan Nederlân is it Verzetsmuseum Junior wurden, part fan it Verzetsmuseum Amsterdam. Goed 2800 museumynspekteurs tusken de 6-12 jier joegen fia in fergese app of de webside www.museumkids.nl in rapportsifer oan 419 musea dy’t sy besochten.

Foar takom jier kinne der ek wer musea ynspektearre wurde. Dat kin fan hjoed ôf oant en mei 30 septimber 2016. Mear ynformaasje is te finen op www.museumkids.nl

maaie 30, 2015 19:36
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Bertus Jans Postma juny 6, 12:13

    “kitsproof”. Wat is dat no wer?

  2. Johannes juny 6, 14:17

    Spitich dat er altiten wer dialekten brukt wurde troch skriuwers yn in “geef” stik Frysk. “Bern tagonglik museum”. Net efkes harsensskrabje en fyn in Frysk wurd. It is sa maklik en nim it Ingelske wurd oer.
    Bertus, ik bin it altiten mei dy iens. Mar Peinzeradiel sil it net wurde.
    Fansels Is it natuermuseum nijsgjirrich, mar gjin wurd Frysk en derom noch in soad te dwaan.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.