Marijke Meu (1688-1765)

maaie 30, 2015 19:23

Biografy oer stammoer Nederlânsk keningshûs ferskynt yn it Maria Louise Jier 2015.

BL-meuMids maaie is by Utjouwerij Bornmeer it boek Marijke Meu (1688-1765) útbrocht. Yn ‘t ramt fan ‘t 250ste stjerjier fan Maria Louise van Hessen-Kassel  wurdt it boek, skreaun troch Fred Jagtenberg, opnij útjoun. Marijke Meu (1688-1765) is in nije ferzy wêrtroch’t ek de nijste ynsjoggen oer Maria Louise van Hessen-Kassel yn dizze biografie steane.  Lang hat de offisjele Nederlânske skiedskriuwing tagelyk oan har as oan har tiid net in soad oandacht oan bestege. Marijke Meu (1688-1765) follet de leechten oan yn ús kennis fan de achttjinde-ieuwse stêdhâlderlike famylje.

In soad Friezen kenne harren foarstinne út de achttjinde ieu ûnder har poppenamme Marijke Muoi. Dizze poppenamme fan Maria Louise van Hessen-Kassel seit in soad oer de aard fan de bân dy’t de Friezen mei dizze prinses út it hûs fan Oranje-Nassau hienen. Folle minder bekend is har allegeduerige striid om de belangen te ferdigenjen fan har iennichste soan: de lettere stêdhâlder Willem IV. It fuortbestean fan ‘t hûs Oranje-Nassau, wêrfan’t de Hollânske tûke mei it ferstjerren fan stêdhâlder Willem III yn 1702 útstoarn wie, like troch de dea fan Johan Willem Friso yn 1711 ûnwis. Marijke Meu, Friso’s widdofrou, foarme lange tiid de tinne trie dy’t Willem van Oranje mei ús tsjintwurdige keningshûs ferbûn.

Maria Louise waard twaris yn har libben regintes. Ienris foar har soan stêdhâlder Willem IV yn 1711 en ienris foar har beppesizzer stêdhâlder Willem V yn 1759 (de heit fan kening Willem I). Yn totaal die se dizze wichtige funksje sa’n 25 jier. Se ûntwikkele har ta in wichtige spiler yn in wrâld dy’t troch manlju behearske waard. Nederlân hie sûnder de trochtaaastende Maria Louise nei alle gedachten no gjin keningshûs mear hân.

It temajier rûn Maria Louise is dizze moanne iepene yn Ljouwert, de stêd wêr’t Maria Louise van Hessen-Kassel yn ‘t stedspaleis Princessehof wenne. Mei dit jier sille Ljouwert, Oranjewâld en Amelân (dierbere plakken foar Maria Louise) it dekôr wêze fan ferskate aktiviteiten.

Fred Jagtenberg (1941) studearre Nederlânsk en skiednis yn Utert en wie warber yn ‘t middelber en heger ûnderwiis. Hy promovearre yn 1989 yn Nijmegen op it proefskrift Jonathan Swift yn Nederlân (1700-1800). Syn nijsgjirrigens giet út nei de skiednis fan de achttjinde ieu, wêroer hy ferskate boeken en artikelen skreaun hat.

Marijke Meu (1688-1765)

Fred Jagtenberg

ISBN: 9789056153472   

Prijs: € 20,-

Marijke Meu (1688-1765) – Stammoeder van ons vorstenhuis is te krijen by de boekhannel, bol.com en bornmeer.nl

maaie 30, 2015 19:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.