Lêzing oer Pieter Pander

maaie 22, 2015 08:48

It Pier Pander Museum iepenet snein 31 maaie wer de doarren foar it publyk. Dizze simmer presintearret it museum in eksposysje mei wurken fan de skilder Pieter Pander. De iepening fynt plak op snein 31 maaie om 14.00 oere yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert (HCL). Adjunkt-direkteur fan it Drintsk Museum, drs Harry Tupan, hâldt dan in koarte lêzing oer it wurk fan Pieter Pander. Nei ôfrin is der gelegenheid de eksposysje yn it Pier Pander Museum te besjen. De tagong is fergees.

Pieter Pander is yn 1962 berne yn Garyp. Hy folge syn oplieding fan 1981 oant 1982 oan de Akademy Vredeman de Vries yn Ljouwert en dêrnei oant 1987 oan de Keunstakademy Minerva yn Grins. Dêr wie Matthijs Röling ien fan syn wichtichste learmasters. Mei ûnder syn ynfloed ûntstie yn de trije noardlike provinsjes ein 20e iuw it Noardlik Realisme. Pieter Pander is ien fan de bekendste fertsjintwurdigers fan dy streaming. Yn 1997 krige Pieter Pander de Hielke de Vries-priis.

De eksposysje is te sjen fan 31 maaie oant en mei 27 septimber 2015 yn it Pier Pander Museum, Prinsetún 1B yn Ljouwert. De iepeningstiden binne: sneon en snein fan 13.00 oant 17.00 oere.

maaie 22, 2015 08:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*