Learlinge efterhellet nammen Dokkumer oarlochsslachtoffers

maaie 19, 2015 19:25

Dokkum – By it monumint Noorderdwinger oan it Noarderbolwurk yn Dokkum is ôfrûne moandei 18 maaie in nije tinkplaat ûntbleate. Dêrop steane de nammen fan de santjin Dokkumer oarlochsslachtoffers dy’t oant no ta ûnbekend bleaun wienen.

It oarlochsmonumint Noorderdwinger is der yn 1949 kommen, nei in ûntwerp fan Nel Bakema. It is makke ta oantinken oan 20 fusillearden, 14 fersetsslachtoffers en ’17 Dokkumer oarlochsslachtoffers’, sa’t jierren te lêzen wie. Alle jierren wurde op 4 maaie dy slachtoffers betocht. Guon fan de santjin Dokkumer oarlochsslachtoffers waarden mei namme en tanamme betocht, lykas de fjouwer manlju dy’t mei de maaiestaking yn 1943 deasketten binne en de twa fermoarde gizelders by de Wâldpoarte op 14 april 1945, befrijïngsdei. Mar hokke nammen gong noch mear beskûl yn dy 17?

Yn 2013 hat Marissa Kikstram learlinge fan it Dockinga-kolleezje as ûndersyksfraach foar har profylwurkstik ûndersyk dien om de noch net bekende nammen boppe wetter te krijen. Mei ferskate saakkundigen út dy kriten is har dat slagge. De syktocht komt wiidweidich op it aljemint yn it boek fan Reinder Postma: ’Dokkum in de oorlogsjaren’ (2014).

It gemeentebestjoer hat yn oparbeidzjen mei it 4 maaie-komitee besluten om de efterhelle nammen mei oarsaak fan harren dea oan it monumint ta te foegjen. De tinkplaat is gravearre en moandei ûnbleate yn bywêzen fan boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel, troch Marissa Kikstra en mefrou Eekhof út Dieren (Gld.), in suster fan Piet Eekhof, it jongste slachtoffer.

maaie 19, 2015 19:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.