Italiaansk en Sisiliaansk

maaie 30, 2015 15:38

Italië hinget as los sân oanelkoar. Eleminten dy’t wol bine binne fuotbaljen en de detektives, al moat de ynspekteur wol in dialekt fan Italiaansk prate. Wa’t yn Nederlân in grut publyk lûke wol, kiest net foar it Frysk as skriuwtaal. Yn Italië is dat oars. It bêst ferkochte boek op dit stuit is hast hielendal yn it Sisiliaansk skreaun.

“Cinco is cinque (fiif), cchiu is più (mear) en in cuteddro in coltello (mes)”. De taal fan de 90-jierrige skriuwer Andrea Camilleri is wol te ûntsiferjen, mar doch in oare taal as it Italiaansk. De skriuwer hat dit jier wer in boek skreaun oer de ferneamde plysjekommissaris Montalbano. De eftergrûn fan syn boek is Sisilië. Fielings skriuw ik yn it Sisiliaansk, seit de skriuwer yn ynterviews. Formaliteiten yn it Italiaansk.

It jout oan hie wichtich oft it eigen fermidden yn Italië noch is, in lân dat earst yn 1861 syn hjoeddeiske foarm krigen hat. De komst fan ‘e telefyzje lit it op Dante syn wurk basearre Italiaansk as sprektaal wreidzje, de oare talen binne lykwols noch altiten net ferdwûn. Noard-Italianen sjogge nei in searje as Gomorra mei ûndertitels. Of nim regisseur Matteo Garrone. Hy basearret syn films meastentiids op boeken dy’t út syn eigen krite komme. Tenearsten wie dat syn boek Gomorra, dizze wike brocht hy yn Cannes syn “Tale of Tales” út: basearre op it 17e-iuwske yn it Napoliaansk skreaune “Lo Cunto de li cunti” fan Giambattista Basile.

Politikologen mompelje faak dat Italië allinnich yn teory ien lân is. Yn Noard-Italië neame se eltse krite ûnder Rome (of sels ûnder Florense) ‘tredde wrâld’. Súd-Italianen raspje altiten op de kâldens fan ‘e Milanezen om.

Doch binne der wis wol in pear saken dy’t Italianen bine. Neist it nasjonale fuotbalalvetal is dat ek de leafde foar detektives. Camilleri is net altiten like korrekt, mar de úteinlik oprjochte kommissaris Montalbano is wol favoryt. Syn stegens, syn nocht oan iten en aventoer dy’t faak grûn hawwe yn echte misdiedferhalen, binne werkenber. Ein april kaam Camilleri syn nijste boek út en stie hast fuortynienen op it foarste ferkeapplak. Nei mear as tweintich bêste ferkeapsifers fan syn hân hawwe de Noard-Italianen Sisiliaansk lêzen leard.

skreaun troch Sarah Venema yn de Volkskrant

redaksje: Sa sjogge jo mar, dat in twadde taal wichtich wêze kin as it mar apart is…

maaie 30, 2015 15:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.