It antlit fan de frou út ‘e terp

maaie 25, 2015 11:44

De terpen binne de skatkeamers fan it âlde Fryslân. Ien fan de meast nijsgjirrige fynsten út de terpen is it grêf fan in frou út de 7de iuw. It Fries Museum jout dizze frou in antlit: it earste Fryske gesicht! Fan 6 juny 2015 ôf kinne gasten har suver hast yn ‘e eagen sjen.
De terpfrou is begroeven yn de stam fan in útholle ikebeam yn de heechste terp fan Fryslân: Hegebeintum. Beammen binne der yn dy tiid krap yn it terpelân en se draacht in keatling fan kralen, skulpen en barnstien. Dat makket dúdlik dat it hjir mooglik om in ferneamd frommes giet.

forinsyske metoaden

Fan de orizjinele plasse fan it skelet fan de beamkistfrou is in sekuere kopy makke troch Maja d’Hollosy fan Skullpting. Hja makke de holle dêrnei mei forinsyske metoaden laach foar laach op.

goud

De gesichtsrekonstruksje fan dizze frou, dy’t yn ‘e tiid fan it terpegoud libbe, is in bysûnder byprojekt fan de útstalling Goud – Gevonden schatten uit de middeleeuwen. It resultaat wurdt tagelyk mei it orizjinele beamkistgrêf presintearre yn de eksposysje Oog in oog met de dame uit de terp.

namme

Nei it útbringen skriuwt it Fries Museum in priisfraach út om har neist in gesicht ek in namme te jaan.

maaie 25, 2015 11:44
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Aage M maaie 27, 16:44

    Dat sil dan grif wol in Hollânske namme wurde.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.