“It is stjerrend wier, heite”

maaie 4, 2015 18:00

itJansjet de Vries fan ‘e Lytse Geast en har dochter Truus hawwe sneon beide in boek presintearre.  Jansjet, dy’t ek “De geast fan ’e Lytse Geast” skreau, hat wierbarde ferhalen fan Friezen optekene yn “It is stjerrend wier, heite”. Der steane grappige en sterke ferhalen yn, mar minsken hawwe ek harren famylje- en oarlochsferhalen ferteld. It is in wier mienskipsboek wurden.

Truus hat yn “Everything Came To Me” it libbensferhaal fan Rachel Faltin-Székely optekene, de mem fan Alpefries Rob du Jardin. Sy makke as Joadsk famke yn Roemenië de Twadde Wrâldoarloch mei en dêrnei it kommunisme. Yn 1961 flechte se nei Israël, dêr’t har ynternasjonale karriêre as operasjongeres begûn.

De presintaasje fûn ôfrûne sneon plak yn Tytsjerk en is troch hûndert minsken besocht. Rachel is foar de presintaasje nei Nederlân kommen en sil hjir de Deadebetinken en it Befrijingsfestival ek noch meimeitsje.

Beide boeken binne te bestellen op www.lytsegeast.nl of oer de telefoan: 0511-431670.

maaie 4, 2015 18:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*