Frou en man yn jagersmienskip wiene lykweardich

maaie 18, 2015 09:06

De rolferdieling tusken manlju en froulju yn jager-samlersmienskippen yn de oertiid wiene lykweardich. Dat konkludearje Ingelske wittenskippers fan it University College London dizze wike yn Science. De antropologen bestudearren groepsfoarming by twa no noch besteande jager-samlermienskippen, dy’t model stiene foar mienskippen mear as tsientûzen jier lyn. Ien stam libbe yn de Filipinen, de oare yn Kongo. De wittenskippers sammelen stambeamgegevens en holden fraachpetearen om út te finen hoe besibbe oft de minsken wiene yn de omreizgjende groepen, dy’t meast út in persoan of tweintich bestiene. Hja ûntdutsen dat der in grut ferskaat wie yn de groepen en dat lang net elkenien famylje fan inoar wie.

Dêrnei stelden de antropologen in model op, wêrmei’t se groepsfoarming neibearden. Yn it model gongen hja der fanút dat minsken it leafst omreizgen mei har famyljeleden. Dêrnei lieten hja it model groepen foarmje, óf mei de man as dominant geslacht óf mei in lykweardige sekseferhâlding. It die bliken dat as de man dominant wie, har groepen mei in protte famyljeleden foarmen. Foaral bruorren einigen byinoar yn ’e groep. By in lykweardige ferdieling waarden de groepen mear mingd. Dat lêste is krekt itselde as de wittenskippers yn it echt ek observearren. Dêrút konkludearje de Ingelsen dat manlju en froulju by jagers-samlers op likense hichte stiene.

Wat de rollen feroare, wie de ûntjouwing fan de lânbou sa’n tsientûzen jier lyn. Doe waard it ynienen mooglik om rykdom te fergrutsjen en dat ek troch te jaan oan in neikommende generaasje. Dat soarge derfoar dat bruorren begûnen gear te wurkjen, wêrtroch’t de mienskipsfoarm feroare. Neffens de Ingelsen weeft harren stúdzje ôf mei it idee dat de oerman in oerhearskjende macho wie. It is krekt oarsom: yn de oertiid wie alles just tige lykweardich. De stúdzje fan de Britten is hjirfoar net de earste oanwizing. Al earder waard fêststeld dat by jagers-samlers manlju en froulju likefolle kaloryen ynbringe foar de groep. Dielde soarch foar de bern wie ek hiel normaal.

Boarne: Science

maaie 18, 2015 09:06
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. pyt maaie 18, 16:49

    Tige nijsgjirrich! Men soe dan ek witte wolle hoe’t it siet mei de feehoedzjende nomaden, dy’t letter sawat hiel Europa feroveren: Germanen, Hunnen, Turken. Opmerklik is ek, dat har mei manlju as dominante faktor famyljegroepen foarmje en mei froulju net. En hoe sit it yn Afrika, dêr’t froulju in grut part fan de lânbou dogge.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.