Flamkjend goud yn it Fries museum

maaie 30, 2015 09:00

It Fries Museum yn Ljouwert presintearret fan 6 juny 2015 Goud – fûne skatten út ‘e midsiuwen. De útstalling nimt besikers mei nei de skatkeamers fan it betide midsiuwske Fryslân. Mei flamkjende sieraden, blikkerjende munten en oar glinsterjend goud, opgroeven út de Fryske terpen. Hichtepunten binne de goudskat fan Dronryp, de fibula fan Winaam en in unyk gaspskyldsje dat foar ‘t earst toand wurdt. Boppedat komt de ferneamde skat fan Wiuwert tydlik wer werom op Fryske boaiem. De prachtige dingen en har nijsgjirrige gegevens tsjûgje fan ‘e rykdom, macht en status fan de Friezen. Goud rint fan 6 juny 2015 oant en mei 3 jannewaris 2016.

Ferhalen út ‘e terpen

De terpen hawwe de Fryske skiednis geef foar ús bewarre. It binne de skatkeamers fan it âlde Fryslân. Noch gauris wurde der boaiemskatten fûn. Troch dy fynsten witte wy dat it tusken de Romeinske tiid en it jier 1000 ien fan de rykste gebieten fan Nederlân wie. It goud by ’t soad, dat fûn wurdt by terpôfgravings , opgravings en ​​troch metaaldetektorsikers, lit dat sjen. Efter elke hinger, munt of swurdknop giet in opmerklik ferhaal beskûle. En fansels fertelt goud oer rykdom en kwizekwânsje. Wa’t goud hie, hie macht. Wichtige kriichslju ymponearren har tsjinstanners mei fersiersels op swurden en keningen droegen de moaiste ringen. Goud – fûne skatten út ‘ e midsiuwen fertelt dy bysûndere ferhalen oer it goud fan de Friezen.

Skatten

De fibula fan Winaam is in topstik út de kolleksje fan ‘t Fries Museum. De mantelspjelde út sirka 600 nei Kristus is in ikoan fan de Fryske argeology. It is it grutste ynleine sieraad út it betide midsiuwske Nederlân en miskien wol út Europa. De fibula is ynlein mei mear als trijehûndert skitterjend reade granaten. Resint ûndersyk wiisde al út dat dizze almandinen hielendal út Yndia wei komme. Yn de fersierings fan ‘e spjelde sitte allerhande symboalyske betsjuttingen en mytologyske ferhalen ferburgen. Yn 2014 krige it museum in gaspskyldsje dat út deselde Fryske terp opdoek; it wurdt no foar ’t earst toand. De opgnis op saneamde bracteaten, tinne gouden kleanstokjes, út Achlum litte sjen dat goudsmidden in echte Fryske styl hiene. En ek de goudskat fan Dronryp kriget in prominint plak yn de útstalling. Dizze bysûndere skat bestiet út parten fan in gasp, in goudbierke, in hingerke, goudkerrels en mar leafst 42 munten.

Brûkliene

De skat fan Wiuwert, gewoanwei te sjen yn ‘t Ryksmuseum fan Aldheden yn Leien, komt spesjaal foar de goudútstalling nei it Fries Museum. De grutste goudskat fan Noard-Nederlân is dan wer foar in skoft op Fryske boaiem. De skat omfiemet 220 gram goud en bestiet út 39 gouden stikken, wêrûnder trije ringen, ferskate hingers en in fuotprint fan in fibula. Dernjonken komme der bysûndere brûklienen fan it Grinzer Museum, Noardlik Argeologysk Depot Nuis en fynsten fan metaaldetektorsikers.

Undersyk

It Fries Museum lit de goudskat fan Dronryp yn de oanrin nei Goud ûndersykje. It Nasjonaal Loft – en Romtefeartlaboratoarium jout it Fries Museum de mooglikheid om materiaaltechnysk ûndersyk út te fieren mei de nije elektroanemikroskoop. By it ûndersyk wurdt de krekte gearstalling fan de skat fan Dronryp, mar ek fan oare gouden objekten metten en mei elkoar ferlike. Trochdat de fragmintearre gasp tagelyk mei in goudstêfke, goudkerrels en munten begroeven is, tinke sy dat dit de goudfoarried fan bygelyks in goudsmid west hat. Faaks binne it goudstêfke en de kerrels sels makke fan de weiknipte Dielen fan ‘e gasp. Oft dat wier sa is, dat wurdt de kommende tiid hifke.

Gesichtsrekonstruksje foar beamkistefrou

By it ôfgraven fan de terpen wurdt net allinnich in soad goud fûn. Ien fan de meast bysûndere fynsten is it grêf fan in frou út de 7de iuw. Hja is begroeven yn in útholle ikebeam yn de heechste terp fan Fryslân: Hegebeintum. Spesjaal foar Goud kriget dizze beamkistefrou, dy’t yn de tiid fan it terpgoud libbe, in gesicht. It resultaat wurdt tegearre mei it orizjinele skelet presintearre yn in romte swettend oan de goudútstalling.

It Fries Museum wurdt meifinansiere troch de Ir. Abe Bonnema Stichting, de Provinsje Fryslân, it Gearwurkingsferbân Noard-Nederlân, / EZ Kompas en de BankGiro Lotterij. De gesichtsrekonstruksje wurdt mooglik makke troch finansjele stipe fan de Freonen fan it Fries Museum. It ûndersyk nei de goudskat fan Dronryp wurdt mei mooglik makke troch it Nasjonaal Loft- en Romtefeartlaboratoarium.

maaie 30, 2015 09:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.