Aktiviteiten fan it HCL

maaie 30, 2015 10:04

It Histoarysk Sintrum Ljouwert (HCL) organisearret sneintemiddei 31 maaie in rûnlieding mei in gids oer it Alde Begraafplak oan de Spanjaardsleane yn Ljouwert. Foar dielnimmers is it boekje Stadswandeling Leeuwarden. Een wandeling over de stadsbegraafplaats en door het Rengerspark dy middei te keap foar de redusearre priis fan € 5,-. Dizze kuiertocht is in aktiviteit yn it ramt fan de lanlike manifestaasjes ‘Dei fan it park’ en ‘Wike fan it begraafplak’. De start is om 15.30 oere yn buerthûs Rengerspark, Singelstrjitte 22. De kuiertocht kostet € 2,- de persoan en oanmelde is net nedich.

Takom wykein binne der ek ferskate aktiviteiten yn gearwurking mei it HCL. Sneon 6 en snein 7 juny binne ynstellings, bedriuwen en histoaryske skippen oan de Emmakaai yn Ljouwert ynrjochte as eksposysjeromte. Dêrnjonken binne der aktiviteiten om it tema ‘reizgjen’ hinne. Yn de biblioteek yn Ljouwert wurdt op fjouwer grutte skermen byldmateriaal fan it HCL fertoand. Sjoch foar mear ynformaasje op: www.kunstaandehaven.nl.

Snein 7 juny wurdt omtinken jûn oan it hûndertjierrich bestean fan de Hollannerwyk yn Ljouwert. Tom Sandijck, bewenner en buertbiograaf fertelt oer it ûntstean, de oanlis en de ûntjouwing fan dit moaie arbeidersbuertsje besuden it spoar. De lêzing is yn it HCL oan de Grienewei 1 en begjint om 14.00 oere. De organisaasje is yn hannen fan it HCL, Aed Levwerd en de buertferiening fan de Hollannerwyk.

maaie 30, 2015 10:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.