2 miljoen boeken te keap!

maaie 30, 2015 18:10

Sterk fiert feest! Yn het ramsjjíer 2014-2015 wurdt it 25-jierrich bestean fan Steven Sterk ramsj fierd mei ferskate aksjes.

De grutste ramsjhannelder fan Nederlân begûn yn 1989 mei in tydlik winkeltsje yn Snits en letter dat jier mei in winkel en gruthannel yn Utert. Yn 2007 ferhuze de gruthannel fan Utert nei de Gerdyk.

Steven Sterk iepent op 5, 6 en 7 juny foar de achtste (!) kear de doarren fan syn magazyn foar ‘t publyk oan de Hellingbaas 1 te de Gerdyk. De foarrie yn ‘t magazyn bestiet út rûm 2 miljoen boeken. Alle titels yn foarrie wurde skerp ôfprize en útstald op 60 ferljochte merkkreamen. Koartings oant wol 80% op de nijpriis! Tagong is fergees en elke keaper krijt in ekstra boek kado. Iepeningstiden op alle trije dagen fan 12.00 oant 17.00 oere.

Steven Sterk besoarget boeken oan warehuzen, musea, de measte boekhannels yn Nederlân en Flaanderen, bol.com en oare ynternetferkeapers. De gruthannel yn ramsj is de grutste yn ‘t Nederlânske taalgebiet en liedend yn syn fakgebiet.

In soad stelde fraach is of’t it e-boek it papieren boek feekringe sil. Neffens Steven Sterk is dat flauwekul. It giet krekt goed mei ‘t papieren boek en boekhannels en útjouwerijen helje wer oan. Ferline jier wienen der op ‘e boekebeurs in rekôr tal besikers.

Yn it monumintale pand is ek útjouwerij Bornmeer fêstige, eigendom fan Steven Sterk en Robert Seton. Sy sille mei it útwrykse Bornmeer fûns oanwêzich wêze op de iepen dagen. Utjouwerij Bornmeer is de lêste jierren foars oanhelle en op dit stuit de grutste útjouwerij yn Fryslân. De spearpunten fan de útjouwerij binne: natoer, keunst/kultuer en non fiksje, meastentiids mei as tema Fryslân. Bornmeer is ek de útjouwer fan de Streektaal Nijntjes wêrfan’t de lêste twa jier rûm hûnderttûzend fan ferkocht binne.

maaie 30, 2015 18:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.