Ynternasjonale stipe foar dokumintêres oer Frysk hynder

april 17, 2015 15:12

Ut alle hoeken en hernen fan ‘e wrâld komt finansjele stipe foar in bysûnder filmprojekt oer it Frysk hynder. Dat ‘The Royal Friesian’ yn in soad lannen populêr is, docht bliken út it grutte tal bydragen fan leafhawwers oan in crowdfundingsaksje fan De Koninklijke Vereniging ’Het Friesch Paarden-Stamboek’ (KFPS) en Omrop Fryslân. De dokumintêrerige ‘It Swarte Goud’ moat it Frysk hynder sjen litte sa’t dat noch net earder dien is. Mei bysûndere opnamen op unike plakken op ‘e wrâld. Fan de finansiering dy’t nedich is foar de realisaasje fan it projekt is yntusken 84% binnen.

De crowdfundingsaksje is begjin febrewaris opsetten. De oanfoljende finansjele stipe is nedich omdat de ekstra kosten foar de spesjale, foar in part ynternasjonale, opnamen net betelle wurde kinne út it reguliere budzjet fan Omrop Fryslân. Yntusken hawwe al in soad minsken en ynstânsjes in bydrage tasein oan it bysûndere projekt. Sa hawwe bygelyks ek de Amerikaanske skriuwer Dan Brown en syn frou witte litten dat hja ’It Swarte Goud’ in prachtich projekt fine en graach meiwurkje oan de tastânkomming. Fierders is ek in oanfraach om finansjele stipe honorearre troch de Stichting Woudsend Anno 1816. Mei alle bydragen komt de realisaasje fan de dokumintêrerige hieltyd tichterby.

Om de dokumintêres wier meitsje te kinnen, is jitte mear finansjele stipe nedich. As it beëage bedrach helle wurdt, kin dêrmei in histoarysk dokumint makke wurde wêryn’t alle fasetten fan it Frysk hynder beljochte wurde. Oer skiednis en libbensrin – fan berte oant de dea. Mei ferhalen oer brûkmen, keuringen, striid, hertstocht en sukses en oer de bysûndere minsken efter de hynders. Minsken of bedriuwen dy’t in bydrage leverje, krije in tsjinprestaasje. Foar bygelyks in bydrage fan 45 euro kriget men al de hiele rige dokumintêres op DVD. Op de webside www.itswartegoud.nl is mear ynformaasje te finen en belangstellenden kinne harren dêr ek ynskriuwe. It projekt hat ek in Facebook side.

april 17, 2015 15:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.