Yntekenaksje boek Geschiedenis van Dokkum úteinset

april 29, 2015 15:00

Dokkum – De Stichting Historia Documensis, Drukkerij Douma Dokkum en Utjouwerij Wijdemeer binne in yntekenaksje begûn om yn septimber 2015 in werprintinge fan it monumintale boek “Geschiedenis van Dokkum” ferskine litte te kinnen.

Dat boek, dat al sûnt 2004 útferkocht is, is ít neislachwurk oer de skiednis fan Dokkum en soe dêrom neffens de inisjatyfnimmers eins altiten beskikber wêze moatte. Om it boek werprintsje te kinnen binne 500 yntekeners nedich.

Boargemaster Waanders tekene freed 24 april út namme fan de gemeente Dongeradiel as earste yn. Yntekeners krije in foardiel fan 10 euro op de normale ferkeappriis fan 49,50 euro en keapje it boek dêrom foar 39,50 euro. Boppedat wurde der ûnder de yntekeners 10 eksimplaren ferlotte. Dizze aksje rint noch oant 26 juny. Mochten der dan genôch yntekeners wêze, dan sil it boek presintearre wurde op de Admiraliteitsdagen, begjin septimber 2015. De aksje wurdt meistipe troch de Dokkumer boekhannels en de Nieuwe Dockumer Courant/NDC Mediagroep.

Geschiedenis van Dokkum is in prachtich útfierd boek dat de rike skiednis fertelt fan dizze bysûndere stêd. Fan de âldste argeologyske opgravings oant Dokkum as seestêd en fêsting. Fan Bonifatius oant de gearfoeging mei de Dongeradielen. In moai en nijsgjirrich boek foar alle Dokkumers en leafhawwers fan Dokkum. Yntekenje kin fia de website www.geschiedenisvandokkum.nl as mei de bon dy’t yn de Nieuwe Dockumer Courant komt te stean.

april 29, 2015 15:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.