Wetter ûntstie koart nei de oerknal

april 30, 2015 10:14

Nij ûndersyk suggerearret dat wetter ferrassend gau nei de oerknal ûntstie. Al in miljard jier nei de berte fan it universum soene gas- en stofwolken by steat west ha om in soad wetter ûntstean te litten. It is ûnmooglik dat wetter fuort nei de oerknal ûntstie, want wettermolekulen befetsje soerstof en soerstof kaam pas mei de earste stjerren ta stân. Dêrnei moast soerstof him noch ferspriede en ferienigje mei wetterstof. It tastânkommen fan wettermolekulen hie dus tiid nedich. Mar wannear ûntstie wetter dan krekt? Dochs ferrassend gau nei de oerknal. Ta dy konklúzje komme ûndersikers fan it Harvard-Smithsonian Center for Astrophysics neidat se jonge molekulêre wolken bestudearren.

It jonge universum miste eleminten swierder as wetterstof en helium. De earste generaasje stjerren generearre dy swierdere eleminten, wêrûnder ek soerstof. Dêrnei ferspraten dy eleminten har troch it universum mei help fan stellêre winen en supernova-eksploazjes. It resultearre yn eilantsjes fan gas dy’t ferrike wiene mei de swierdere eleminten. Sels dy eilantsjes befetsje lykwols folle minder soerstof as it gas yn it Molkenpaad hjoed-de-dei ynhat. De ûndersikers ûntdutsen dat by temperatueren fan likernôch 80 graden Fahrenheit (27 graden Celcius) wetter yn oerfloed ûntstean kin. En dy temperatuer is net fier socht. It universum wie yn it begjin folle waarmer as hjoed en it gas wie net by steat om effektyf ôf te kuoljen.

De ûndersikers stelle dat yn de gasfaze in signifikant soad wetter ûntstean kin sûnder in protte ferriking fan swiere eleminten. Hoewol’t ultrafiolet ljocht ôfkomstich fan stjerren wettermolekulen opbruts, moat der nei hûnderten miljoenen jierren in balâns ûntstien wêze tusken de ferneatiging fan wetter en it ûntstean fan wetter. Neffens de ûndersikers moat wetterdamp in miljard jier nei de oerkanl yn gas- en stofwolken al krekt sa oerfloedich west ha as hjoed-de-dei. It wurk fan de ûndersikers is werom te finen yn it blêd Astrophysical Journal Letters en beheint him ta wetter yn de gasfaze yn molekulêre wolken dêr’t letter wer stjerren en planeten út ûntstean kinne.

Boarne: www.scientias.nl

april 30, 2015 10:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.