Untbleating gouden pronkstik

april 22, 2015 13:19

Yn it ramt fan de Nasjonale Museumwike wurdt tongersdei 23 april yn Ljouwert it gouden pronkstik fan it Fries Museum ûntbleate. Yn it wykein fan sneon 25 en snein 26 april, it twadde wykein fan de Museumwike, is der wer fan alles te belibjen, te hearren en te dwaan yn it Fries Museum en it Frysk Fersetsmuseum. Bern kinne op speurtocht troch it Frysk Fersetsmuseum, mei it Doeboek troch it Fries Museum of it riedsel fan de sulveren foarke oplosse by de útstalling fan de Kameleon. De musea binne yn dit wykein tagonklik foar 1 euro de man.

Untbleating gouden pronkstik

Yn dizze earste Nasjonale Museumwike (earder it Museumwykein) wurde museumskatten fan sân musea op bjusterbaarlike wize útljochte. It Fries Museum is troch de Museumferiening keazen as ien fan dy sân musea. Tongersdei 23 april wurdt mei in grut live evemint de ûntbleating fan ‘t Gouden Pronkstik holden op de Lange Pijp yn Ljouwert om 10.15 oere.

Op besite yn it Frysk Fersetsmuseum

Foar alle sneupers fan 6 jier ôf hat it Fries Fersetsmuseum in speurtocht klearlizzen. De speurtocht giet troch it hiele Fersetsmuseum en is ôf te heljen by de aktiviteitebaly. Wat makken minsken yn de Twadde Wrâldkriich mei yn Fryslân? Wa wie Jan de Rooy en oan wa joech in Dútske militêr in pear skuon? Jo ûntdekke it allegearre! Ha jo de speurtocht ôf? Dan leit der in kadootsje foar jo klear.

doeboek

Untdek de útstalling Ferhaal fan Fryslân mei it Doeboek. Sjen, tinke, boartsje en dwaan. Untdek fan alles oer nijsgjirrige dingen yn ‘e seal, lykas ‘de skat fan Hallum’: wat is dat eins foar skat en hoe is dy fûn? Of de stokbeurs: in knip oan in stokje. Wêrom waard dy brûkt? En it aardige oan it Doeboek is dat jo it mei nei hûs nimme kinne om fierder te ûntdekken.

riedselkaart

Los mei dyn âlden of pakes en beppes it riedsel fan de sulveren foarke op. Wapene mei in riedselkaart giest troch it museum op ‘e syk nei oanwizings en antwurden. Untdek de geheime koade dy’t tagong jout ta in spesjale keamer. Hjir ûntdekst hoe’t it krekt sit mei dy sulveren foarke.

april 22, 2015 13:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.