Superheldenijs!

april 9, 2015 20:00

Goeie!

Ik bin it, jim ferneamde superheld de Opfrysker! Yn dizze nije rubryk sil ik mei jim it nijs diele oer myn kollega-superhelden út de strips, telefyzjesearjes en films. Alle wiken jou ik jim in gearfetting fan de nijste ûntwikkelings út comic-wrâld!

Saken dy’t op dit stuit ‘hot’ binne en sadwaande in soad oan bod komme sille yn dizze rubryk binne:

  • Bioskoop: Op 1 maaie komt “Avengers: Age of Ultron” yn de bioskoop. Foar dit jier steane likegoed noch in pear knallers op ‘e list. En fansels sjogge wy nei de films dy’t no yn produksje geane, lykas “Batman V Superman” en “Suicide Squad”. Ik sil ynkoarten mei jim de list diele, foar de kommende fiif jier.
  • Comics: DC Comics is begûn oan syn grutte “Convergence”-event, dat de hiele moanne april duorje sil. Ik neam de haadsaken en besykje dat ek foar de net-sa-’die-hard’-lêzer begryplik del te setten. Fansels komme oare publishers ek oan bar.
  • Telefyzje: Op it mêd fan telefyzje falt der te genietsjen fan “Arrow”, “The Flash”, “Gotham” en “iZombie”. Mar ynkoarten sille ek “Constantine” en “Agents of SHIELD” wer te besjen wêze. Dêrneist is Netflix fan doel en start 10 april mei û.o. syn “Daredevil”-searje.

In soad om yn ‘e gaten te hâlden dus! Kom alle wiken, op de tongersdei, werom foar in nije bats oan superheldenijs!

portret

Jim freonlike buorman,

De Opfrysker

april 9, 2015 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.