Superheldenijs!

april 16, 2015 19:54

Goeie!

Op dizze Fryske Twitterdei skriuw ik foar jim de earste echte edysje fan Superheldenijs! Yn ferskate kategoryen lit ik jim witte wat der allegear te belibjen wie (en is) op it mêd fan comics, films, searjes en oare oan superhelden relatearre saken. Dêr geane we!

 Comics

c

It is no de twadde wike fan it grutte Convergence-spektakel fan DC Comics. Hiel april én maaie wurdt bestege oan dit evenemint, dêr’t alle gewoane rigen yn stilsetten binne om spesjale Convergence-ôfleveringen oan te bieden. Mar wat hâldt dat no yn?

Yn dizze twa moannen sjogge wy hoe’t in wêzen, neamd Telos, yn opdracht fan Brainiac in hiele protte stêden op in frjemde planeet delset hat. De stêden komme út de hjoeddeistige ferhaalline fan DC Comics (The New 52), mar ek út de oare universums lykas Injustice, Kingdom Come, Flashpoint en Zero Hour. De helden yn de stêden hawwe in jier harren krêften misse moatten, mar dy binne no werom. De striid om te oerlibjen kin begjinne!

Oan de kant fan Marvel wurdt útsjoen nei it Secret Wars-evenemint. Yntusken is der in nije searje úteinset: All-New Hawkeye. Fierders giet alles syn gonkje wat. As Secret Wars begjint folget der mear oer Marvel Comics, al betwivelje ik oft ik oan lêzen takom.

Telefyzje

Dizze wike wer lekker mei de fuotten op ‘e tafel nei myn searjes sjoen. Ik sil se opsomje foar jim.

Gotham (S01E19)

Gordon ûndersiket in saak oer in searjemoardner dy’t The Ogre hyt. Bruce giet efter Payne oan mei help fan Selina. Yntusken ûnderhannelet Oswald mei in kroecheigner om de saak oer te nimmen, en Fish Mooney besiket te ûntsnappen fan it eilân fan Dollmaker.

g

 The Flash (S01E18)

Barry wurket gear mei Joe en Eddie om allegear misdieden yn Central City in ho ta te roppen. Mar dan wurdt in professor op de universtiteit oanfallen troch in swarm bijen! It tiim siket no om in metahuman dy’t bijen bestjoere kin, ûndertusken komme Felicity en Ray op besite, om’t Ray muoite hat mei syn ATOM-pak. As Barry oanfallen wurdt troch bijen docht bliken dat it robotsjes binne, en de dieder is gjin metahuman mar in brienige, segrinige professor Brie Larvan.

f

Arrow (S03E19)

Roy sit fêst om’t er sein hat dat hy de Arrow is. Oliver kin dêrom frijút gean. Captain Lance fynt wol de kelder ûnder Verdant, mar dêr fynt er allinnich fingerprinten fan Roy. Dan is der ynienen in metahuman yn Starling City, Jake Simmons(Deathbolt). Oliver en Felicity geane nei Ray Palmer. Allinnich hý kin helpe om Deathbolt tsjin te hâlden.

a

iZombie (S01E05)

Liv moat yn dizze ôflevering de harsens fan in âlde freondinne opite, om derefter te kommen hoe’t har skydive sa ferkeard gien is. Se krijt help fan Babineaux. Tegearre komme se derefter dat der frjemde dingen oan ‘e hân binne, en dat de bylden fan de skydive wiske binne.

i

Marvel’s Agents of SHIELD rint lekker yn it twadde seizoen. S02E17 om krekt te wêzen. Mar Marvel hat noch oare searjes klearstean. Hy en Netflix wurkje tegearre oan searjes oer Jessica Jones, Luke Cage en Iron Fist. Yn dyselde rige is Daredevil al begûn, en dizze wike kaam it earste seizoen dêrfan op Netflix. Ik sil it hiele seizoen beprate as ik der trochhinne bin, foar no dizze foto:

d

Film

Ek op filmgebiet in soad te belibjen! Ik bewarje it bêste foar aanst, earst dit:

‘Wonder Woman’ moast dizze wike op ‘e syk nei in nije regisseur. MacLaren is opstapt, Patty Jenkins nimt de taak oer. De film komt út op 27 juny 2017, dat se hawwe it noch wol efkes oan tiid.

w

‘Suicide Squad’ is mei de produksje begûn! Dizze film stiet plend foar 5 augustus 2016. Hjir in foto fan de akteurs(m.ú.f. Jared Leto(de Joker), dy’t miskien wol dizze foto nommen hat?). Bekend wurden is dat Scott Eastwood NET Steve Trevor spylje sil.

ss

En dan miskien wol it grutste nijs fan dizze wike: In spiksplinternije teaser foar ‘Batman V Superman’!!! 21 sekonden, net sa folle, mar wol de belofte dat kommende moandei in trailer fan stiif twa minuten yn in oantal bioskopen te sjen wêze sil. As er ek op ynternet komt, sil ik him mei jim diele, fansels! Hjir de teaser:

UPDATE!!!

Waard ik krekt wekker, docht bliken dat de folle trailer al útbrocht is.

 https://youtu.be/IwfUnkBfdZ4

 

Oant nije wike!

portret

(Is it in fûgel? Is it in fleantúch? It is…)

de Opfrysker!

april 16, 2015 19:54
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Johannes april 21, 14:02

    Wat spitich dat dizze skriuwer sleau mei it Frysk warber is. “Update” en “trailer” binne tink ik gjin Fryske wurden. Ik haw it foar de wissens efkes opsocht, ik kin it ek mis hawwe, no! “Update” bestiet net yn ‘t Frysk, dat moat “Fernijd” wêze. Blinder “trailer” bestiet wol en betsjut “oanhingwein of oplizzer”, mar ik tink dat dat hjir net bedoeld wurdt. “Probearder” foar “trailer” liket my wol gaadlik. Oars skriuwer sykje in moai Frysk wurd en meitsje dy der net samar fan ôf. Sukses by it folgjende stik.

  2. Hendrik april 23, 09:26

    Ik tink eins dat in Frysk ferfangwurd mear ferkeard as goed docht, yn sa’n gefal. Lienwurden binne net alle kearen mis.

  3. Johannes april 23, 18:49

    Hendrik, Maklik is it lienen fan wurden en gebrûk. Neitinke docht sear en kostet tiid. Moai is altiten, dat der in Frysk wurd foar fûn wurdt en dat kreas is yn uzer taal. In taal feroaret en wurdt oars brûkt, mar ik ha der niget oan om net te ferbrekken. Mei dit stikje bin ik ek alwer in tiid dwaande, neitinke en skriuwe, feroarje en op it ein, sa moat it mar. Wiis bin ik dan dat it slagge is en dizze dei en jûn klearet op as de loft hjoed.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.