Superheldenijs!

april 30, 2015 20:56

Dêr wie ik wer, en hjoed set ik de wichtichste foto’s en filmkes op in rychje. Ik sil koart fertelle wat der yn de comics bart, en krijst wer te hearren hokker searjes en films ast sjen kinst.

 

Comics

DC Comics is lekker dwaande mei Convergence. Dizze wike de lêste “nûmers 1” en nije wike begjint de twadde moanne en sille de nûmers 2 oan bod komme. Yn juny is it wer dien mei dit ‘event’ en sille de gewoane searjes fierder gean.

Dat sein, dizze wike wie der wól in Batman 040, Superman 040, Justice League 040, Multiversity 2 en de annual fan Jier Trije fan Injustice: Gods Among Us. In soad te lêzen dus!

 

Film

Marvel hat Avengers 2 yn ‘e bioskoop, ik sil der sels moarn hinne 🙂 Ik bin benijd!

DC hat mear nijs op filmgebiet: Ben Affleck is sjoen op ‘e filmset fan Suicide Squad, en dat hat fansels de nedige geruchten de wrâld yn holpen. Der giet ek in ferhaal dat Jared Leto syn Joker al yn Batman V Superman: Dwan of Justice foarkomme sil, yn in flashback dêr’t er Jason Todd (de twadde Robin) dea makket.

                                

No’t wy it hawwe oer Jared de Joker, dizze (linker) foto is publisearre. No moat derby sein wurde, de tatoeaazjes en tosken binne foar de foto dien, mar hearre net by it karakter sa as er yn de film(s) foarkomme sil.

Rjochts Ben as Bruce Wayne!

 

Telefyzje

Dizze wike wer, lykas oare wiken, ha ik sjoen nei Gotham, Arrow, Flash en iZOMBIE. Ik sil diskear net op ‘e details yngean, mar it wie allegear like spannend!

 

Games

De offisjele trailer foar Batman: Arkham Knight is út! Hjir sjochst him:

Dat wie it wol wer foar dizze wike. Net in hiel soad, mar jim binne wer efkes op ‘e hichte.

Excelsior!
De Opfrysker

april 30, 2015 20:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.