‘Sûker is de kweadogger’

april 29, 2015 10:56

Swierder wurde wurdt earder feroarsake troch sûker as troch te min sport. Dat konkludearje wittenskippers yn it British Journal of Sport Medicine. In aktive sporter mei oergewicht kin allinnich ôffalle as er ek syn dieet oanpast. It is goed om geregeldwei te bewegen, want dêrmei kinne beskate sykten, lykas hertsykten, sûkersykte en demintens, tefoarenkaam of fertrage wurde. Lykwols is dieet dé beskiedende faktor. Der wurde mear minsken siik fan in min dieet as troch alkohol, smoken en te min sporten byinoar.

Slanke minsken binne net perfoarst sûn. 40% fan de minsken mei in normaal BMI hawwe op it stuit lêst fan stofwikselsteurings dy’t typearjend binne foar obesitas. Dochs beseffe in protte minsken dat net, omdat se tinke dat obesitas feroarsake wurdt troch te min sport. Dat komt troch snoade marketing fan bedriuwen, dy’t har enerzjydrinken oan it sporten keppelje. Populêre atleten, lykas Epke Zonderland, dogge mei oan de marketing fan sportdrankjes.

In protte minsken hâlde har gewicht en deistich ynnimmen fan kaloryen yn ‘e gaten. Dochs giet it net om de hoemannichte, mar om de boarne fan dy kaloryen. Kaloryen út sûker fersterkje it hongergefoel en soargje derfoar dat der mear fet opslein wurdt. En dat wylst kaloryen út fet just in sêd en fol gefoel jouwe. Koalhydraten binne net folle better. Under koalhydraten falle – neist sûker – ûnder oaren glukoaze (druvesûker), fruktoaze (fruitsûker), laktoaze, galaktoaze, selluloaze en setmoal. De ûndersikers binne fan miening dat it ferleegjen fan it ta jin nimmen fan koalhydraten in goede oanpak is om de striid mei obesitas oan te gean. Dêrnjonken moat it makliker wurde om sûn te iten. ‘Griene’ flaubiten moatte foar de greep lizze.

Boarne: www.scientias.nl

april 29, 2015 10:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.