Protte jonge bisten by AquaZoo

april 30, 2015 14:13

By AquaZoo yn Ljouwert binne wer in protte bisten te wrâld kaam. De Humboldt-pinguins krigen seis jongen en by de seldsume Parma-wallabys springe fjouwer lytskes om. Dêrneist seagen ek twa ringsturtmakys krektlyn it libbensljocht. De jonge Humboldt-pinguins groeie hurd, mar sitte noch yn it nêst. Dat is te sjen troch in rút, mar de âlden binne noch tige beskermjend. Wa’t geduld hat, kin lykwols in glim opfange fan de lytse pinguins.

De lytse ringsturtmakys litte har better sjen. In setsje lyn kamen der twa foale wyfkes fan dierepark Wissel. Sy krigen har jongen op Fryske boaiem en waarden suksesfol opnommen yn de groep. Dit wykein sille se it eilân ferkenne yn it trochringebiet dêr’t ek de reade farys en readbúklemueren har plakje ha. De lytskes sitte meast op de rêch of hingje oan de búk fan de memmen, mar ien fan de twa makket sels al ûntdekkingstochten.

By de seldsume Parma-wallabys sitte der noch twa lytskes yn de bûdel fan mem. It sil net lang mear duorje foar’t se dy foar altyd ferlitte. Twa oare jongen diene dat al. Sy springe al toch it ferbliuw dêr’t it publyk ek trochhinne kuieret. By AquaZoo Fryslân is it briedseizoen al yn folle gong. De swarte swannen, jofferkraanfûgels, Japanske kraanfûgels en tongerguozzen sitte op aaien en de maraboes binne drok dwaande mei it meitsjen fan in nêst.

april 30, 2015 14:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.