Op ‘e drift rekke kapsule ‘falt werom’

april 30, 2015 14:30

It keppeljen fan de stjoerleas rekke Russyske romtekapsule Progress-59 (neffens de westerske klassifikaasje) oan it Ynternasjonaal Romtestasjon ISS is ôfblaasd. Dat berjochtet it Russyske romtefeartburo Roscosmos en it Amerikaanske romtefeartburo NASA. De Progress moast juster seis oeren nei it lansearjen fan Bajkonoer oan de romte-mekkano fêstsitte, mar rekke op ‘e drift en is no werom op wei nei de ierde.

Dat dizze kapsule net op ierde weromfalle sil “kin allinnich in merakel ferhelpe”, sei in meiwurker fan de flechtlieding Tsoup oan it Russyske steatsparseburo Ria Novosti. As it túch weromkomt, ferwachtet it Russyske romtefeartburo Roscosmos dat it sawat folslein ferbaarne sil yn de atmosfear. Offisjeel is de Progress noch hieltyd net oerjûn. It mooglike ferlies fan de Progress soe in skeapost fan 88 miljoen euro betsjutte. Koart nei it lansearjen rekke it befoarriedingsskip yn it near. Progress hat stiif trije ton oan spul oan board, en soe fierders de soerstof- en wetterfoarrie oanfolle ha. De bemanning yn it ISS hoecht net benaud te wêzen foar in tekoart, al begjinne se wol yn te tarren op de foarrie. As it net slagget de Progressmodule noch yn ‘e hân te krijen, is it de twadde kear yn in koart skoft dat in befoarrieding mislearret: yn oktober gie it mis doe’t in Antaresraket ûntplofte by de lansearring. De hjoeddeistige foarrie yn it ISS is noch tarikkend foar fjouwer moanne.

De eartiidske kosmonaut Vladimir Solovjov, dy’t ferantwurdlik is foar it Russyske part fan it ISS, befêstige dat der noch genôch foarrie oan board is om de misje “feilich fuort te setten en te wachtsjen op de folgjende romtekapsule”.

Kontakt ferlern

De lansearring justermoarn betiid like earst goed te gean, oant it flechtliedingssintrum yn it Russyske Baikonoer it kontakt ferlear. De motor fan de Sojoez-raket dy’t de Progress M-27M yn ‘e romte brocht hat, hat “oeroeren makke” en dat kin te witen wêze oan in mankemint yn it bestjoeringssysteem fan dy motor, sei in boarne by it bedriuw Chemical Automatics Design Bureau (KB Khimavtomatika) dat de RD-0110 motor makke hat. It bestjoeringssysteem jout de motor befel en de RD-0110 motor bleau langer oan as nedich wie.

De krêftboarne hat al suksesfol wurke by 1.500 lansearrings, wat neffens it bedriuw syn “betrouberens en goede wurking sjen lit”. Oangeande it ûntwerp kinne der dus gjin twivels opkomme. Juster slagge it de misjelieders tydlik it kontakt wer te meitsjen doe’t Progress oer Russyske grûn fleach en fideobylden opfongen waarden dy’t de kapsule makke. Dêrop is dúdlik te sjen hoe’t it frachtskip fleanende hurd oertoppe. Op de bylden skeaten ierde en sinne om bar foarby. As it net slagget om kontakt te krijen mei de Progress, falt de kapsule tusken 7 en 11 maaie nei alle gedachten werom op ierde. It is net bekend wêr’t de kapsule de atmosfear binnenfalle sil.

Unk yn 2011

De Progress-skippen binne betrouber; yn de ôfrûne sechstjin jier is in befoarriedingsmisje noch mar ien kear mislearre. Yn 2011 gie it mis yn de lêste faze fan de lansearring, wêrtroch’t it frachtskip delkaam op Russyske grûn. Troch’t yn dy tiid de Spaceshuttle noch net ôfdien wie, bestie de freze dat it ISS tydlik ûntromme wurde moast. Dat bliek úteinlik net nedich te wêzen. No leveret neist Ruslân en Japan ek it Amerikaanske kommersjele SpaceX frachtsjes ôf by it ISS. Konkurrint Orbital hat syn programma nei it ûnk yn oktober tydlik stillein.

april 30, 2015 14:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.