Omgean mei Marcus Aurelius

april 29, 2015 22:25

Omgong mei minsken kin dreech wêze. It giet my net altyd like maklik ôf, al fyn ik it wer makliker mei yndividuen om te gean as mei groepen. Guon minsken lizze my net, benammen as ik wat fan har moat of at se te stadich prate en tinke of tefolle sizze wat de measte minsken fine: yndividuen dy’t soldaten fan de (lokale) mearderheid binne. Elk hat syn swakten en dit is ien fan minent.

De Romeinske kultuer hat ien fan de moaiste spirituele boeken op ‘e wrâld produsearre, en it is ek noch skreaun troch in keizer: Marcus Aurelius (121-180). Syn boek hjit “Ta himsels”, dat meast oerset is yn it NL as Overpeinzingen. It boek giet primêr oer de relaasje fan de minske mei himsels, want dat is de kaai foar de omgong mei oare minsken en foar de omgong mei it lot, dat wol sizze, mei alles wat jin yn dit libben oerkomme kin.

De dominante filosofyske skoalle wie yn de Romeinske tiid de Stoa, de stoïsinen. De emoasjes beskôgen se as fersteuringen fan de inerlike harmony, en fandatoangeande lykje se op kristenen, hindoes, taoïsten en boeddhisten. In ferskil is dat niisneamde religys gauris in útsûndering meitsje foar meilijen, dat ek in emoasje is, en dat faaks ûnderskaat wurde moat fan it fermogen om jin yn oarmans posysje yn te tinken. Foar de Romeinen wie it meilijen lykwols in suver negative emoasje, en Nietzsche stelt sels dat meilijen skealik is omdat it mear lijen skept.

Persoanlik tink ik dat emoasjes yndied yn ien of oare foarm de autonomy fan it yndividu yn gefaar bringe, mar dat se net eliminearre wurde moatte, want it is net goed om sûnder gefoel te wêzen, mar it is ek net goed om meisleept te wurden fan jins fielings. Boppedat binne emoasjes uteringen fan enerzjy, dus dy moatte net deltreaun mar kanalisearre wurde.

Oer it ginneraal is de omgong mei oare minsken in boarne fan fûleindige emoasjes. Hoe moatte jo mei oare minsken omgean? Yn it folgjende stik in antwurd fan Marcus Aurelius.

Eric Hoekstra

april 29, 2015 22:25
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jan Huisman april 30, 20:12

    In hiel aardich stik oer de filofyske ynspanningen fan de lêste fan de adoptiefkeizers. In ynteressante noat is dat Marcus Aurelius sels syn emoasjes blykber net de baas wie doe’t hy syn soan as opfolger beneamde en net -sa as doe tradysje wie- in persoan dy’t de fakatuere fan keizer in bêste ynfolje koe.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.