Nije generaasje Friezen op Sirkwy Sympoasium

april 1, 2015 11:18

Ofrûne sneon 28 maart is it fyfde Sirkwy Sympoasium holden yn Ljouwert. De grutte seal by De Koperen Tuin siet mei sawat 100 besikers  hielendal fol. Fjouwer sprekkers presintearren harren essees oer it tema ‘Fryslân en de Wrâld 2.0 – Jonge Friezen mei kulturele ambysje’.

Alles stie yn it teken fan 100 jier kulturele fernijing, fan de Jongfryske Beweging út 1915 fan Douwe Kalma oant en mei Kulturele Haadstêd 2018. Dat lêste – in lêzing fan Durk Gorter – gie benammen oer de rol en betsjutting fan it Frysk as kultuertaal.

As lêste sprekker kaam Meindert Reitsma oan it wurd. Hy hie in analyze makke fan it literêre fjild en fynt dat it tiid is foar in positive ynstek fan skriuwers en kritisy. Wy moatte der mei-inoar wat fan meitsje, yn in meartalige werklikheid, dêr kaam syn ferhaal op del.

Dit sympoasium wie tagelyk de lansearring fan it nije Y-Skrift fan Skanomodu, sjoch http://www.skanomodu.nl/

Alle essees binne bondele en útjûn yn in kreaze bondel, dy’t oan de ein fan de middei foar de leafhawwers beskikber wie. De oerbleaune eksimplaren binne foar €10 te keap yn of te bestellen fia de Afûk-winkel, sjoch  http://websjop.afuk.nl/fryslan-en-de-wrald-2-0-jonge-friezen-mei-kultuerele-ambysje

april 1, 2015 11:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.