Net de ien, net de oar

april 8, 2015 20:59

Oan de iene kant binne der wittenskippers dy’t fanatyk leauwe dat alles yn termen fan matearje definiearre wurde kin. Mar har Big Bang is ek mar in skeppingsmyte dy’t har eigen Wet fan Behâld fan Enerzjy tsjinsprekt.
Oan de oare kant binne der leauwigen dy’t smeulsk oer wittenskip prate mar wol profitearje fan alle rynske jeften fan de wittenskip, en ek net twivelje oan de auto dy’t har nei it wurk rydt.

Oan de iene kant binne der miljeu-idealisten dy’t in lyts doarpke gjin Polderhaadkanaal gunne fanwegen ien of oare krobbe dy’t der miskien lêst fan ha soe en dy’t mei it jild fan har leden oant de Hege Rie trochprosedearje.
Oan de oare kant haw ik ris sjoen dat myn sweager, boeresoan, ûnskuldich gers ûnder in espeltsje beammen mei fergif deaspuite. Om it mar net te hawwen oer boeren dy’t úthâlde dat in ko leaver op ‘e stâl stiet as yn ‘e greide.

Oan de iene kant binne der wynmûne-idealisten dy’t foaral rike ynvestearders fertsjinje litte oan de wynmûnen, op kosten fan de gewoane boarger/belestingbeteller. Oan de oare kant binne der de ‘pragmatisy’ dy’t it net útmakket hoefolle skea oft har enerzjygedrach oan it miljeu docht.

Oan de iene kant binne der Palestinen dy’t bern as minsklik skyld brûke. Oan de oare kant binne der Israëliërs dy’t in lytse skea oan in gebou mei in tal deade minsken werombetelje.

En as se dy dan freegje, bisto foar ús of tsjin ús, dan kinst it bêste beide partijen ôfwize en dyn eigen wei gean. Der binne genôch kwestjes yn de wrâld dêr’tst better gjin posysje ynnimme kinst, gewoan omdat beide partijen net doge. Net mei bemuoie.

It is al hiel wat ast sels in bytsje normaal en lykwichtich wêze kinst. Ast in bytsje aardich en begripend mei de meiminske omgean kinst. Ast net inkeld prate kinst, mar ek harkje. Ast net inkeld dyn eigenbelang foar eagen hâldst, mar ek dat fan in oar. Ast net inkeld krityk jaan kinst, mar ek lof.

Sa’n oanfitering ropt gauris ferachting of ûnbegryp op, mar it is dreech en kom derta en praktisearje dit. Mar ast derta komst dit te praktisearjen, dan sil it goed fielle.

Eric Hoekstra

april 8, 2015 20:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.