Museumwykein yn Keramykmuseum Princessehof

april 22, 2015 13:50

In gesellich útstapke mei de hiele húshâlding? Yn it wykein fan 25 en 26 april, mei de Nasjonale Museumwike, is der fan alles te sjen en te dwaan yn Keramykmuseum Princessehof. Bern kinne in feestlik kroantsje meitsje of har opmeitsje litte. Ideaal, want dan kinne de âlden en pakes en beppes yn alle rêst de útstallingen besjen. Lit Martine Bijl jo rûnliede troch ‘Op ‘e tee’ yn har audiotoer en ûntdek fan alles oer it libben fan Maria Louise van Hessen-Kassel yn de nije útstelling Thús by Marijke Meu. It museum is it hiele wykein fergees tagonklik.

Ynstaprûnlieding

Keramykmuseum Princessehof biedt elke snein in ynstaprûnlieding oan. By dy rûnlieding ûntdekke jo mear oer de útstalling ‘Op ‘e tee’. Jo rinne mei in betûfte rûnlieder troch de ferskate teekultueren en steane stil by de ferskate servizen, teepotten en teebussen.

Feestlike kroantsjes

It atelier stiet dit wykein hielendal yn it teken fan kroantsjes. Kom del en meitsje jo eigen kroantsje! Want wat is der aardiger as ferklaaid mei jo selsmakke kroan pronkje? It kroantsje komt ynkoarten fêst fan pas! Hy kin op mei de Keningsdei of mei Himelfeartsdei. Want dan organisearret it museum nei âlderwenst de Princessedei; in dei foar prinsessen, mar ek foar prinsen fansels!

Op ‘e Tee

Op ‘e Tee is in reis troch ferskate teekultueren. Yn de fergese audiotoer nimt Martine Bijl jo mei fan Sina, dêr’t de widze stie fan tee, nei Japan en fan it Fiere Easten nei Ingelân en Nederlân. Skoandere servizen, unike teepotten en bysûndere teebussen, mar ek in Japansk teehûs en nostalgyske posters fan teefabrikanten út de 20ste iuw litte jo it ferhaal ûndergean. Bytiden is it in feest fan werkennen, dan wer hiel ûnferwachts. Nei ôfrin kinne jo gesellich byprate yn de teesalon mei in hearlik bakje Princessehof-melânzje. Op ‘e Tee is koartby fanwegen it sukses ferlinge oant en mei 5 july 2015.

Thús by Marijke Meu

Dizze útstalling jout in eachloaits efter de skermen fan it bysûndere priveelibben fan Maria Louise van Hessen-Kassel. Dat spilet him foar in wichtich part ôf yn har stedspaleis yn Ljouwert, it hjoeddeiske Princessehof! De útstalling yn it Princessehof is ferparte oer twa romten: de stylkeamer en de bestjoerskeamer. De stylkeamer sjocht der noch krektlyk út as sa’t Marijke Meu him yn de 18de iuw efterliet. Dêrnjonken binne de regleminten fan de hofhâlding te besjen op in iPad. De oanlieding foar dizze útstalling is it Maria-Louise-jier 2015. ‘Thús by Marijke Meu’ is ta stân kaam yn gearwurking mei Tresoar en is te sjen oant en mei 5 july 2015.

april 22, 2015 13:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.