Ljouwert as stedske regio

april 29, 2015 08:40

Don GiovanniTroch Pier Bergsma

Wy hearre tsjintwurdich neat mear fan de plannen fan Plasterk, ús minister fan ynlânske saken. Hy die sa syn bêst foar it gearfoegjen fan provinsjes. It wurdt neat. Fryslân soe by dy weryndieling selsstannich bliuwe. Dat leit foar de hân, want al sûnt Napoleon yn 1811 binne de grinzen fan Fryslân net feroare.

Dôchs is der reden foar soarch. Sa is der al tiden in beweging geande om it gerjochtshof fan Ljouwert de nekke om te draaien troch in grut part fan it wurk te ferpleatsen nei Zwolle, alteast neffens de lêste berjochten. Dan binne der plannen om regionale stjoerders gear te foegjen. As it allegearre trochgiet, bestiet it gefaar dat Omrop Fryslân in part fan har selsstannichheid ferliest. Yn it Beleidsadvies van de Raad voor Cultuur fan ferline jier maart De tijd staat open wurdt tige beard fan in “sterke regionale en lokale informatie- en nieuwsvoorziening”. Dat is moai, mar it giet der om hoe’t it útpakt foar Fryslân en dêr bin ik net rêstich oer.

Koartlyn kaam dyselde Raad nammentlik mei in nij advys: de Agenda cultuur 2017 – 2020 en verder. Yn it Advys stelt de Raad op ‘e nij it begryp regio’s sintraal. It sil dan gean moatte oer regio’s mei de stêden as sintrum, saneamde stedelijke regio’s. It argumint is dat men hjirmei better rekken hâlde kin mei de eigen identiteit en better ynspylje kin op it ferlet fan de ynwenners. Opfallend is dat nearne it Frysk neamd wurdt. Fan de Raad meie Grins en Ljouwert yn dit noardlik kultuerbelied it foartou nimme. Assen en Emmen hearre der ek by, mar oer in plak as bygelyks Drachten wurdt net praat.

Yn de Leeuwarder Courant fan tongersdei 9 april komme Sjoerd Feitsma en Paul de Rook oan it wurd. Hja binne wethâlders kultuer fan Ljouwert en Grins. “Als om het cultuurbeleid gaat is het noorden één” en “ Als het aan de Raad voor Cultuur ligt, krijgen de twee wethouders in de grootste steden van het Noorden meer te vertellen over welke richting het in deze kontreien op moet met kunst en cultuur “. De kop fan it artikel wie “De bestuurders zien het wel zitten”. Ja, dat sil wol. Ik net en ik hoopje, dat ik net de iennige bin.

It seit himsels dat it goed is om gear te wurkjen. De teaters yn it noarden dogge dat al, want it hat gjin doel om Don Giovanni yn alle teaters te programmearjen. “Viva la libertà” is ien fan de bekende lieten út dy opera. Ik bin bang dat der fan dy frijheid foar Fryslân, de Fryske kultuer en it Frysk net in soad oerbliuwt as it allegearre yn noardlike gearwurking útfierd wurde moat. Stedske regio’s, bêst genôch, mar dan wol mei in selsstannige stedske regio Fryslân mei Ljouwert as sintrum.

Juster publisearre yn de Ljouwerter Krante

april 29, 2015 08:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.