It kin net …

april 29, 2015 11:01

‘Net’ yn it Nederlânsk en yn it Frysk binne saneamde falske freonen. ‘It kin net’ is it klassike sintsje dêr’t Hollânders mei troch is iis sakje. Net is ‘niet’ yn it Frysk mar yn it Nederlânsk betsjut ‘het kan net’ dat it noch krekt wol kin. Yn it Afrikaansk hat ‘net’ noch wer oare betsjuttingen. Yn de sin ‘In hierdie Swart voorstad woon nog steeds tussen drie en vier miljoen mense op ‘n oppervlakte van net 130 vierkante kilometer’, betsjut it ‘slechts’, yn it Frysk ‘mar’: der wenje tusken de trije en fjouwer miljoen minsken op in oerflakte fan mar 130 fjouwerkante kilometer’. Dat kin eins net of ‘kan het net’?

april 29, 2015 11:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.