In kompjûterflaterke fan 37 miljoen

april 30, 2015 16:39

Hja tocht dat se de jackpot wûn hie. In boanus fan samar efkes 41,8 miljoen dollar (37,6 miljoen euro), sa joech de gokautomaat oan. Mar it die bliken oars te betearen foar de 87-jierrige beppe út Illinois, Pauline McKee. De ‘computer says no’, krige se te hearren. Hja teach fuortynienen nei de rjochtbank om noch har gelyk te heljen – oan it heechgerjochtshof ta.

‘Bonus Award’ stie der op ‘e gokautomaat, fjouwer jier lyn yn 2011. En it bedrach dat derby hearde, wie tige heech: mar leafst 41.797.550,16 dollar. Mar doe’t Pauline McKee (87) en har dochter it jild ophelje woene, wie it antwurd in dúdlik ‘nee’. McKee hie de jackpot NET wûn, ek al stie op it skerm fan it Miss Kitty-spul it tsjinoerstelde. De winst fan beppe en dochter wie net mear as 1,85 dollar (1,66 euro). Reden fan it ‘misferstân’: in kompjûterflater yn de gokmasine.

Pauline McKee en har dochter lieten it dêr net by sitte en tsjinnen in klacht yn tsjin it oanbelangjende hotelkasino yn Waterloo. Dat moat no rekken hâlde mei in mooglik fallissemint as der in feroardieling folgje sil. De hiele saak draait om in bedrach dat de helte fan harren jierwinst útmakket. Mar ôfrûne freed spruts it heechgerjochtshof fan Illinois him út tsjin de beppe. It hof oardielde dat der dúdlik op de masine stie, dat de maksimumwinst 10 dollar (9 euro) beslacht en dat boanussen net tastien wurde. Dat de spylsters dat net lêzen hiene, makket fierders neat út. En dat der in net-rjochtfeardige boanus fan 41 miljoen tasein waard, kin net sjoen wurde as kontraktbrek fanwegen it kasino, sa oardielden de sân rjochters ienriedich.

Kasino sloech warskôging yn ‘e wyn

Ut ûndersyk fan de gokautomaat fan Aristocrat Technologies die bliken dat der in flater yn de software slûpt wie. It bedriuw hie yn 2010 kasino’s al warskôge foar de kompjûterflater, dy’t har sa no en dan oppenearje en hie de ried jûn om dat part fan it systeem út te skeakeljen as foarsoarchsmaatregel. It kasino hie dat neilitten te dwaan.

april 30, 2015 16:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.