In boadskip op snein (1)

april 12, 2015 14:07

Fan ‘e moarn yn de Remonstrantske tsjerke fan Swol preke dûmny Foeke Knopperts, ôfkomstich fan Lochem, wenjend yn Apeldoarn. Hjirby út ‘en rûgens de ynhâld fan syn preek, dy’t gie oer it ûnderwerp oandacht.

Hannah Arendt, Dútsk-Amerikaansk-Joadske filosofe en polityk tinker, hat har ûnder oaren ferdjippe yn it kwea dat de Dútsers it Joadske folk oandien hawwe. Hja hat it proses tsjin Adolf Eichmann folge en der op har eigen wize in ferslach oer skreaun. Hja hie it oer in opfallend tekoart oan djipgong by Eichmann, wêrtroch it ûnmooglik wie om syn motiven te befiemjen. It wiene grousume dieden, mar de dieder wie in deagewoane, sljochtweihinne man, gjin mûnster en ek gjin duvel. Dat er lykwols ta skriklike misdieden tsjin de minskheid kaam is, kaam neffens Hannah net troch dommichheid, mar hy die it ‘sûnder derby nei te tinken’.

Hannah Arendt achtet tinken fan grut belang. Neffens har is tinken eat dat de minske docht as er allinnich is. Ast allinnich bist, dan kinst mei dysels yn petear gean. Asto tinkst, dan bist allinnich mei wa oftst bist, watst sein hast en watst dien hast. By sokke prakkesaasjes wol in minske leaver ûnrjocht ûndergien as ûnrjocht oandien hawwe. Ommers, allinnich, mei dysels, binne dyn ferkearde dieden hast net te fernearen. Tinke is dus in aksje dy’t tefoarenkomme kin dat wy kweadogge.

Allinnich wêze is trouwens wat oars as iensum wêze. Fan iensumens wurde minsken ûngelokkich. Allinnich wêze kin in freugdefolle ûnderfining wêze.

Wat is religy? Der binne in soad definysjes. Ien derfan is: ‘religy is wat men docht mei it allinnich wêzen’. Asto allinnich bist en neitinkst, dy ferwûnderest oer watst allegear krigen hast yn dyn libben, oan talinten, oan ûnderfiningen, oan wiisheid, oan freonen, dan kinst reflektearje en dan bist ek by steat en besjoch dysels as ynstrumint. Hoe kin ik ta tsjinst wêze fan oaren?

Wa’t lykwols yn de greep is fan rankune, fan wraak, dy sil by it allinnich wêzen earder tinke oan dat wat him oandien is, dat wat him ûntholden is. Dan is it lestich om noch in freugdefolle belibbing te hawwen wylsto mei dysels yn ferbining stiest; datst net mear sjochtst nei al dyn talinten en watst goed dochst. Mei in sterke wilskrêft kinst dy dochs losmeitsje fan wat dy oerkaam is en derboppe stean. Dan kinst dy dochs ferwûnderje, oer dyn talinten en oer dyn opdiene wiisheid.

Omtinken jaan is in bysûndere wize fan tinken. Dat kin foarkomme dat wy kweadogge. It kwea dat wy dogge troch ûnferskilligens, sleauwens, tekoart oan oandacht en geduld. Guon minsken hawwe it altyd drok en binne altyd hastich. Ast tefolle by de ein hast, kinst net altyd de oandacht jaan dy’t eins jûn wurde moat. Dan kin it wêze datst efterôf seist: ‘Ik hie it doe sjen moatten, ik hie it doe sjen kinnen, mar ik haw it net sjoen, want ik hie myn tinzen by eat dat ik de oare deis alwer ferjitten wêze soe’. Dûmny Knoppers seit yn sa’n sitewaasje dat de persoan it faaks écht net sjen kind hie, doe op dat stuit. Mar minsken nimme dy útspraak net gau oan as fersêfting fan harren pine. Nee, de persoan makket himsels it ferwyt dat er traach west hat. En traach wol dan sizze: sleau, sûnder omtinken. Ik hie it sjen moatten en sjen kind, as ik net mei fan alles en noch wat dwaande west hie.

Oandacht is in skeppende aktiviteit. De dingen om ús hinne binne der foar ús omdat wy der omtinken oan jouwe. Asto werklik noed stiest foar immen, dan kinst dy persoan yn syn soevereine, ûnôfhinklik suvere eigenheid sjen. Dan sjochst him net as de persoan dêr’tst fan mienst dat er sa is, of dy’tst graach sa sjen wolst. En ast ien echt sjen kinst, dan liedt dat ta earbied. Dan sille minsken út harren eigenheid wei mei dy prate. Ek nei Jezus ta wurket dat sa. Asto doelbewust omtinken joust oan de ferhalen oer him yn de Bibel, dan pas kin Hy echt ta dy sprekke.

Jelma Wiegersma

april 12, 2015 14:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.