Hashtag Genieten

april 13, 2015 09:57

LJOUWERT – Op sneon 11 april wie it wer de Nacht fan ‘e Filosofy Fryslân, hâlden yn Tresoar en Historisch Centrum Leeuwarden. Withoefolle sprekkers, ûnder oare Joris Luyendijk en Wouter Kusters, holden lêzings en bern koenen meidwaan oan wurkwinkels filosofy.

Yn ‘e midden fan dat alles stie de Aldehou-seal iepen. Njonken de doar stie in monitor mei in filmke derop, en in bak mei koptelefoans. Binnendoar stienen 16 monitors mei allegear har eigen filmke, dêr‘t it lûd fan as in wiere kakofony op de besiker ôfkaam. It like wol de Media Markt, mar it wie in dokumintêre. De makkers joegen neikommende omskriuwing:

Yn de dokumintêre ‘Hashtag Genieten’ wurde tinkbylden fan de minsken fan no en de minsken fan moarn fertoand. Yn de kaders #jong #ambisjeus en #blut hawwe Aletta Top en Johanneke Dijkstra fan it kollektyf BLAUHAUS al 50 fideoblochs ynkrigen, in populêr medium om ynformaasje út te wikseljen. Dy fideoblochs binne ûnderdiel fan it ûndersyk nei de tiidgeast fan no, en jouwe input foar it twadde en tredde diel fan de dokumintêre. Yn de fideoblochs wurde fragen beäntwurde as: “Hoe mjit ik myn gelok?”, “Ambysje of jild?”, “Wat is wurk?”, “Bin ik in produkt fan ‘e media?”, “Wat is besteansrjocht?”, “Utkearing of burn-out?”.

Op de foto’s is in ympresje te sjen fan dizze nijsgjirrige presintaasje. Foar mear ynformaasje oer de dokumintêre kinne jo terjochte op de Facebook-side fan ‘Hashtag Genieten’, en foar de flochs geane jo nei de Vimeo-side. De links steane ûnderoan dizze side.

Stephan Berger

 

http://www.blauhausproducties.nl/

https://www.facebook.com/hashtaggenieten

https://vimeo.com/groups/hashtaggenieten

 

april 13, 2015 09:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.