Hâld op fan sykjen!

april 9, 2015 08:45

De Noarske skriuwer Karl Ove Knausgård reizge okkerdeis op fersyk fan The New York Times troch Noard-Amearika. In redakteur fan dy krante hie foarôf in roadtrip foar him útstippele: gean earst nei Newfoundland, dêr’t de Wytsingen ea oankamen; ryd dêrnei nei Minnesota, dêr’t in soad Noarske ymmigranten wenje.. ensafh. De tickets wiene al boekt, in fotograaf wie regele, mar Knausgård siet de earste dagen fan syn reis fêst yn in hotel yn Kanada. Hy wie nammentlik syn rydbewiis kwyt. O nee! Panyk! Of net?

Nee, gjin alarm. Knausgård beskriuwt yn syn reportaazje dat er wol faker dingen kwytrekket: kredytkaarten, paspoarten, autokaaien, jild, boeken, tassen, syn laptop mei dêrop alles wat er de lêste tweintich jier skreaun hat. Goed, dat jildt wol foar mear minsken. De measte minsken dy’t wat kwyt binne, sille dat begjinne te sykjen. Mar de oplossing fan Knausgård is oars: guod datst kwytrekkest, dûkt meastentiids fansels wer op, sa is syn ûnderfining. En ek as dat net bart, komt it altyd wol wer goed. Syn rydbewiis wie hy sels al in jier kwyt, yn Sweden, dêr’t er wennet, wie dat net in probleem, skriuwt er, en hy hie der nea om socht.

Hy hellet in Noarsk sprekwurd oan: wa’t jild kwytrekket, sil jild ûntfange. ‘Ik tink dat dat wier is’, skriuwt Knausgård, ‘want ast dingen kwytrekkest, betsjut dat datst net de hiele tiid de eagen goed iepen hast, datst net alles besikest te kontrolearjen, bist net jimmeroan sa ‘anal’, sa ferkrampt – en ast dat net bist, mar dysels tastiest om iepen nei de wrâld te wêzen, dan kin werklik alles op dy ôfkomme.

Knausgård is in populêre skriuwer. Ik tink dat dat foar in grut diel komt trochdat hy sleau doart te libjen. Hy doart te ferdwalen, doart om te griemen. Dat is in seldsumheid wurden, want wy libje yn in dissiplinearre, dat wol sizze krampeftige tiid. De measte minsken gean net op reis sûnder goeie tarieding en ûndersyk. Fan tefoaren bestudearje se wiidweidich alle beoardielingen fan it hotel, ferkenne se de omkriten fia Google Streetview en TripAdvisor, besjogge se klimatologyske grafiken – de reis sels is hast in formaliteit, in speurtocht dy’tst sels útset hast. It libben in ynfoloefening.

Ferstannige, normale minsken sille foardat se fuortgean de ANWB-paklist delhelje, mei spullen dy’tst perfoarst net ferjitte meist, lykas reservebril en tyktange.

Normale minsken reitsje noait wat kwyt en meitsje noait wat mei. Mei help fan nijmoadrige technyk banne se it tafal út. Tink oan buienradar en oan navigaasjesystemen. Om fan it paad ôf te dwalen moatst tsjinwurdich dyn bêst dwaan – ferdwale liket al hast rebelly tsjin de moderne, tichttimmere wrâld.

Net allinnich fakânsjes, ek ús deistich libben is oerprodusearre wurden. Foarsisber as telefyzje-ynterviews dêr’t yn ’t foar in skript foar makke is. Tafal útbanne is foar sirurgen of foar behearders fan kearnsintrales. Yn it gewoane libben is it benammen in resept foar ferfeelsumens. Knausgård leart ús dat spullen weireitsje de bêste wize is om eat te finen, eat te belibjen. Dat is in moaie, boeddistyske les yn ûnthechting, mar ek in pleit foar in stadiger en yneffisjinter libben. In libben dat by einbeslút fansels folle effisjinter is: tink oan de ferneamde paradoks fan de leafde: ast der om sikest, dan fynst it net, mar sa gau ast ophâldst mei sykjen, then it hits you. 

Dit artikel is skreaun troch Arjen van Veelen & Arjen Born en stie op sneon 4 april yn it NRC.

april 9, 2015 08:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.