Fryslân 40/45 | Wat de oarloch mei ús die (4)

april 25, 2015 14:01

Fryslân DOK op snein 3 maaie

Nei oanlieding fan 70 jier befrijing wurdt de histoaryske dokumintêresearje ‘Fryslân 40/45 | Wat de oarloch mei ús die’ útstjoerd. Yn fiif dielen wurdt in yngeand byld sketst fan de oarlochsjierren yn Fryslân. Yn dizze fjirde ôflevering stiet it tema ‘Fryslân as feilige haven’ sintraal. Troch ferskate evakuaasjestreamen groeide de befolking yn Fryslân mei sawat 60.000 oant 80.000 minsken yn 1945. Yn Fryslân DOK wurdt foar it earst dúdlik dat der safolle minsken opfongen binne yn de provinsje.

Doe’t de Twadde Wrâldoarloch foardere en de frontliny nei it noarden opskode, waard Fryslân foar hieltyd mear minsken in feilige haven, op harren flecht foar it oarlochsgeweld. Der wurdt rûsd dat 20.000 ynwenners fan it suden yn krapoan ien moanne tiid op transport nei Fryslân setten waarden. Sa ek de famylje Cuypers út Roermond, dy’t mei tolve minsken in feilich ûnderkommen yn Easterlittens krige. Ferskate famyljes út it doarp hawwe noch hieltyd in waarme freonskip mei de Limboargers.

Fierder it ferhaal fan Elli Slier-Katz dy’t as Joadsk famke út Amsterdam flechte en yn de streek tusken Ychten, Ychtenbrêge en Eastersee bedarre. Fanwege it lânskip én de oanfierrûte oer de Iselmar nei De Lemmer binne dêr in opfallend soad ûnderdûkers telâne kommen. Oan bod komt ek Sjoerd Wiersma, dy’t op souder in unyk argyf fan syn pake fûn. Dy fersetsheld beskreau it ferhaal fan sawat 450 Joadske ûnderdûkers dy’t hy mei syn fersetsorganisaasje yn it súdwesten fan Fryslân opfongen hat. It ferhaal is Fryslâns eigen ‘Schindler’s list’.

‘Fryslân 40/45 | Wat de oarloch mei ús die’ is in projekt fan Tresoar, tv-produsint Wij van PS, it Fries Film Archief en Omrop Fryslân. Oan de tv-searje is de webside www.Fryslan4045.nl keppele, mei alderhande eftergrûnynformaasje oer de tema’s dy’t yn de dokumintêres sintraal steane. Foargeande ôfleverings út de dokumintêresearje ‘Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die’ binne werom te sjen fia http://www.omropfryslan.nl/fryslan4045.

Fryslân DOK: Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die (4)
Snein 3 maaie om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 2 maaie om 15.35 oere en snein 3 maaie om
12.20 oere op NPO 2.

april 25, 2015 14:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.