Frijheidssymbolyk fan Grutte Pier

april 23, 2015 19:11

Elke Fries ken it swurd fan Grutte Pier. Mar gjin inkele Fries hat it ea 28 meter lang yn fljirkjend goud boppe de stêd útkommen sjoen. Tongersdeitemoarn waard it sânde en oant no ta lêste pronkstik ûntbleate op ‘e Lange Pijp yn Ljouwert ta gelegenheid fan de Nasjonale Museumwike. De goudkleurige replika fan it ferneamde swurd fan Grutte Pier stiet symboal foar de Fryske frijheid. De hear Feitsma, loko-boargemaster fan Ljouwert, de hear Shapiro, akteur, de hear Van der Velden, haad kolleksjes fan it Fries Museum en de hear Ritsma, fjouwerfâldich wrâldkampioen reedriden, presintearren de gouden replika, de swidens fan it Fries Museum.

It Fries Museum sit yn it hert fan ús Friezen, sa sei loko-boargemaster Feitsma. “As kulturele haadstêd fan 2018 lit Ljouwert net allinnich in spegel nei it ferline sjen, mar ek finster nei de takomst. It swurd fan Grutte Pier foarmet in net los te tinken part fan ús skiednis.”

Haad kolleksjes Van der Velden: “It Swurd fan Grutte Pier symbolisearret de Fryske frijheidsstriid. Foar de Hollanners wie Grutte Pier in piraat, mar foar de Friezen is hy in frijheidsheld.”

Greg Shapiro: “De grûn fan Fryslân hat altyd fruchtdragend west en lykwols wiene ynkringers net wolkom. Dat makket it swurd sa bysûnder. It stiet symboal foar frijheid en ûnôfhinklikens.”

De proastige Fryske boer Grutte Pier gie sa’n fiifhûndert jier lyn mei dit ûnbidich swurd de striid oan mei de Hollanners. Hy is in held foar de Friezen, mar waard sjoen as in piraat troch de rest fan it lân. Om freon en fijân fan inoar te skieden, liet hy de mytyske wurden sizze: ‘Bûter, brea en griene tsiis, wa’t dat net sizze kin, is gjin oprjochte Fries’. Oant hjoed-de-dei bekend by elke Fries. Rintje Ritsma: ‘Us heit hat my as lyts jonkje al de lessen bybrocht oer de eksplosive Grutte Pier.”

De Nasjonale Museumwike duorret noch oant en mei 26 april 2015. Mear as 400 musea litte har gouden pronkstikken en in soad oare museumskatten sjen.

It swurd fan Grutte Pier stiet noch oant en mei freed 24 april op ‘e Lange Pijp yn Ljouwert. Eltsenien wurdt oproppen om manmachtich mei in eigen favorite “Gouden” museumskat op ‘e foto te gean. Dat kin fia Instagram, Twitter of Facebook mei de hashtags #museumweekNL en #OnsEchteGoud. Meitsje in eigen social-media-happening! Elke dei wurdt ûnder de aardichste ynstjoerings in tal Museumkaarten ferlotte.

Wolle jo witte wêr’t it lêste Gouden pronkstik ûntbleate wurdt? Folgje dan op Facebook, Twitter, Instagram en op www.nationalemuseumweek.nl foar mear ynformaasje.

Oer de Nasjonale Museumwike

De Nasjonale Museumwike wol yn gearwurking mei alle dielnimmende musea in sa grut mooglik publyk berikke troch te ferrassen, te prikeljen en te ynspirearjen mei keunst en erfguod, mei alderhande museumskatten: ús wiere goud!  Musea sille yn dizze wike op hiel eigen wize oanslute by it tema ‘Ons echte goud’. Wat hja foar eagen hawwe is in sterkere reputaasje fan alle musea en mear wurdearring foar museäle kolleksjes by it grutte publyk. De Nasjonale Museumwike is net in ienreizich inisjatyf, mar kriget takom jier in ferfolch. De Nasjonale Museumwike wurdt mei mooglik makke troch dielnimmers oan de Bank Giro Lotterij.

april 23, 2015 19:11
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Aage M april 24, 12:50

    Wes gjin kukel: Grutte Pier spruts Frysk! En der witte hja
    yn it Frysk Museum net folle fan!

  2. Rob april 26, 08:05

    No Aage, it húske is oars wol oanjoen yn’t Frysk. Hahaha, ja, ik laitsje no, mar it is slim dast yn it FRYSK Museum hast oeral allinne mar Nederlansk sjochst. Mar faaks is it Rijksmuseum oer tweintich jier ek Ingelsktalich. Utsein de “toiletten” fansels.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.