FN reagearret fûl op oanslach troch moslimterroristen

april 4, 2015 01:22

De feilichheidsrie fan ‘e Feriene Naasjes is poerstrontmâl om de oanslach op ‘e universiteit fan Garissa. Yn dy Keniaanske stêd waarden likernôch tongersdei en freed hûndertfyftich minsken deadien troch moslimterroristen. In soad fan harren waarden ûnthalze, oaren deasketten. Sa’n tachtich minsken rekken ferwûne. De aksje rjochte him benammen op kristlike studinten en meiwurkers. De oanslach is opeaske troch de islamityske terreurbeweging Al-Sjabaab, dy’t syn thúsbasis hat yn buorlân Somalië. Ien fan ‘e dieders hat himsels mei eksplosiven opblaasd.

De Keniaanske plysje hat fjouwer dieders deade. De Keniaanske oerheid wurdt troch de FN priizge om ‘e trochtaastende oanpak fan it terrorisme. De plysje fertinkt in man út de stêd, Mohamed Kuno, fan de tarieding en lieding fan de oanslach. Kuno stiet bekend as de lieder fan Al-Sjabaab.

april 4, 2015 01:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.