Erkenning

april 2, 2015 08:00

Doe’t ik lang ferlyn yn ‘e tonne siet, frege in Marokkaanske jonge my (hy seach derút as in healgod en miskien wie er dat ek wol): “wat is it dêr’t de minsken it meast nei op syk binne, sels al witte se it sels net?”
Ik leau dat ik sokssawat sei as befrediging fan har earsucht, wat mear oer my as de minsken sei.
“Nee”, wie syn betinken, “erkenning.”
En dêrmei wie er fuort, mei twa maten, as in lytse flecht wylde guozzen op reis op syk nei ‘t suden.

Yn earste opslach tocht ik dat der net safolle ferskil tusken earsucht en erkenning wie. Mar dat is der wol. Erkenning is folle breder. Erkenning slút ek yn erkenning as minske, dat men der wêze mei, op dizze ierde, dat men de muoite wurdich is. Erkenning is yn lêste ynstânsje de hilliging fan de minske yn syn unisiteit.

Leaver twinge wy lykwols erkenning ôf, of wy tinke dat wy dat dogge, troch Prestaasjes. Sa kriget ús libben sin. Troch bern te krijen en op te bringen, troch in protte jild te fertsjinjen, troch in grutte toer te bouwen (Bonnema), troch dreech te wurkjen, troch oeral in Miening oer te hawwen.

Mar by einsluten hat de Prediker foar de helte gelyk dat it allegear idel is en wynterskjen. Foar de helte! Want al liket alles sinleas yn it ljocht fan God en Syn ivichheid, op minsklik nivo hawwe prestaasjes wol deeglik wat te betsjutten. Dus lit beide wierheden yn har wearde en slach net de minske dea mei it perspektyf fan God noch God mei it perspektyf fan de minske. Miskien lizze dy perspektiven wol minder fier útinoar as tocht wurdt.

april 2, 2015 08:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. pyt april 6, 12:50

    Miskien wol de minske befêstiging fan syn wearde foar oaren. Sjoch ris op
    http://www.annaterruwestichting.nl/over-anna-terruwe/
    [Ik mis wol de namme fan de skriuw(st)er]

  2. Jeltsje april 19, 13:04

    Dag Pyt, ik tink dat Eric Hoekstra de skriuwer is fan dit nijsgjirrige stik.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.