Ensafh wol databank mei Fryske gedichten

april 1, 2015 14:14

It Fryske literatuertydskrift Ensafh wol in digitale fersebank meitsje. Yn dy databank komme 1009 gedichten út Fryslân. Elk gedicht wurdt opnaam yn de oarspronklike taal en yn in oersetting. De gedichten kinne skreaun wêze yn it Frysk of Nederlânsk, mar ek yn in streektaal lykas Biltsk of Ljouwertersk. De oersetting kin yn elke taal wêze.

De fersebank moat yn 2018 klear wêze. De redaksje fan Ensafh wol der in bydrage mei leverje oan de aktiviteiten fan Ljouwert as kulturele haadstêd fan Europa yn dat jier. It tydskrift siket noch finansjele stipe foar de databank.

april 1, 2015 14:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.