Elkenien hat rjocht op syn eigen geweld

april 1, 2015 08:00

Op it doarp wisten we eartiids presys wa’t der fyn wie, dus op de ARP stimde en hokker bern nei de grif-ferkearde skoalle gongen, dus net nei de doarpsskoalle. Meastentiids prinsipiële, wat steile minsken. CHU-stimmers hiene al wat mear de wei nei de sigaren en de jenever fûn, wol protestant, mar wat nofliker. Wat Katoliken wiene wist ik as jonkje net, mar fan tsjerken mei brânskildere ramen en dominys yn jurken foel fansels net in soad goeds te ferwachtsjen. As der in pleats frij kaam, wie it leauwe fan de nije boer en benammen syn arbeider mei in soad bern fan nasjonaal belang foar it doarp. It wie de West-Bank fan Israël yn optima forma.

It is noch in wûnder dat de godstsjinstige ferskillen yn Nederlân nea ta geweld laat hawwe, de striid wie ommers hurd genôch.

En binnen in generaasje as twa is it allegearre ferdwûn, der sille noch wol spoaren fan wêze, mar as alles behearskjend maatskiplik tema liket it my dat it fuort is.

Mar yn it Heine Easten lykje ditsoarte fan ferskillen aktueler as ea. Ik haw opsocht wat it ferskil tusken Soeniten en Sjiïten is. It giet derom wa oft de wiere opfolger fan Mohamed is, wichtich foar in leauwe, dat snap ik wol. Mar wêrom’t je dan inoar de plasse ynslaan moatte, snap ik dus wier net. It konflikt oangeande Israël hat dy striid jierrenlang ferburgen, mar dat is dus wol it echte probleem yn dy regio. Efter alle konflikten sit dit grutte ferskil, mei Saûdy-Arabië en Iran as stokers.

Dit konflikt is net op te lossen mei it stjoeren fan in pear F16’s, der is gjin goede en ferkearde kant. Elkenien dy’t geweld brûkt stiet oan de ferkearde kant, en dat geweld brûke de measten yn dy regio.

De oplossing leit yn it belibjen fan leauwen sels, en it skieden fan  Tsjerke en Steat, en foaral it akseptearjen fan de moderne tiid.

Dat is foaral in saak fan dy kultueren sels, dus sa min mooglik mei bemuoie. Wy hawwe ús ek sels befrijd fan de striid tusken Skieringers en Fetkeapers, Finen en Grouwen. Der is gjin bûtenlânske yntervinsje oan te pas kommen. Dy kâns moatte we ek jaan oan de lannen yn it Midden Easten.

Mar dat is spitich foar Syrië, Jemen, Irak, Iran, Saûdy-Arabië, Palestina, en ús eigen idealisme, dat wol.

Sybren Singelsma

april 1, 2015 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.