Earste Nederlanners dea troch klimaatferoaring

april 30, 2015 23:51

Marc Cornelissen (l) & Philip de Roo (r)De Nederlânske poalûndersikers Marc Cornelissen (op de lofter foto) en Philip de Roo (rjochts), dy’t op skys troch it noardpoalgebiet teagen om iistsjokten te mjitten, binne nei alle gedachten omkaam. Sûnt juster wurde hja mist.

Justermoarn om 8.55 oere waard yn Nederlân in needsinjaal ûntfongen. Mei in fleantúch fan it Kanadeeske Resolute, de basis dy’t it tichtst by it plak leit dêr’t de beide manlju taholden, is rillegau socht, hoewol’t it dêr op dat stuit neare nacht wie. Troch min waar wie it ynsetten fan in rêdingshelikopter net mooglik. Yn de sykkrite wie it allegearre driuwiis, sadat lânjen ûnmooglik wie. Ut de loft wei seagen waarnimmers in foar in part útpakte slide, in slide yn in wek en de ekspedysjehûn dy’t ienlik by de slide omsloech. Der rûnen spoaren nei it wek ta, mar net werom. It sjocht der sadwaande nei út dat beide – oars tige betûfte – poalreizgers yn it trochkâlde wetter bedarre binne; eat dat in minske mar likernôch fiif minuten ferneare kin. Mooglik is ien mei syn slide troch it iis sakke en woe de oare helpe. De beide ûndersikers wienen op 6 april ôfreizge nei it noarden en hienen al sa’n 400 kilometer ôflein. Hja ûndersochten hoe’t it pakiis te lijen hat fan de klimaatferoaring. Dat wie ûnhuer, sa konkludearren hja al earder: it wie folle waarmer as ornaris, it iis wie tin en der wie sa folle iepen wetter dat se harren rûte ferlizze moasten. It hat der alle skyn fan dat dyselde klimaatferoaring harren no needlottich wurden is.

It is dreech om spesifike waarsomstannichheden oan de klimaatferoaring ta te skriuwen. Yn it blêd Nature Climate Change ferskynde krekt dizze wike in artikel mei berekkenings oer hoe’t it opwaarmjende klimaat ekstreem waar bewurkmasteret: hjoed-de-dei binne 18 % fan de stjalpreinen en trijefearn fan de hjitteweagen al in gefolch fan de troch de minske oansette klimaatferoaring (Anthropogenic contribution to global occurrence of heavy-precipitation and high-temperature extremes; E. M. Fischer & R. Knutti). Mar hokfoar ekstremen presys, dat is min te bepalen. Binne bygelyks de deaden yn Fanûatû of yn Australië okkerdeis in gefolch fan sokke ekstra ekstreme ynsidinten of wienen it slachtoffers fan balkebrekkers dy’t oars ek wol delkaam wienen? Soks is hast nea mei wissigens te sizzen. Wat mei it neamde ûndersyk wol konkludearre wurde kin, is dát der sa njonkelytsen aardich wat deaden falle binne troch de opwaarming. En te sjen oan de tige bûtenwenstige waar- en iiskondysjes dy’t Cornelissen en De Roo no yn it poalgea oantroffen, hat it eigenskip dat dizze beide manlju al beskôge wurde kinne as de earste Nederlânske slachtoffers fan de hjoeddeistige klimaatferoaring.

april 30, 2015 23:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.