Doarp fol ferhalen
Resint ferskynd
EASTERMAR iepenet Ferhalekeamer
Yn it foarhûs fan harren boerepleats oan de Snakkerbuorren yn Eastermar iepenet Pauline van Apeldoorn op 1 maaie oansteande de Ferhalekeamer mei in iepen dei fan 17.00 oant 20.00 oere. Yn gearwurking mei Stichting 100 jier Dam Jaarsma is dy pronkkeamer mei moderne apparatuer ynrjochte en kin de gast nei ynsprutsen, smoute ferhalen harkje, film sjen of gewoan oan de lêstafel oanskowe.
Yn it foarhûs fan de út 1795 datearjende pleats oan de Snakkerbuorren 6 is yn de nijmakke pronkkeamer âlde styl mei de blauwe bedstedewân in Ferhalekeamer ynrjochte. Dêr binne de folksferhalen út de Fryske Wâlden fan de grutte Eastermarder ferhalesamler Dam Jaarsma te hearren, te sjen en te beharkjen.
De gasten kinne dêr rêstich sitte en genietsje fan de ferhalen út earder tiden. De moderne apparatuer is fersoarge troch Expert Burgum, dy’t syn woartels twa generaasjes ferlyn yn Eastermar hie.
In seleksje fan ôfwikseljende folksferhalen kin mei help fan triedleaze koptelefoans yn ‘t Frysk en it Nederlânsk beharke wurde út in loaie stoel wei. De oansprekkende ferhalen binne prachtich ynsprutsen troch Douwe Kootstra en Romkje Bosma.
In filmportret oer de grutte folksferhalesamler Dam Jaarsma, yn ‘t jubileumjier makke troch Tresoar en ‘t Fries Film Archief, wurdt sjen litten op in platskermtelefyzje en der binne in stikmannich dokumintêres oer folksferhalen.
Troch Dam Jaarsma skreaune folksferhalen, mearkes en berneboeken lizze op ‘e lêstafel om yn te sjen. Ek it al útferkochte jubileumboek Mearkes út ‘e Wâlden is dêr te lêzen en der lizze krante-artikels en tydskriften oer en mei ferhalen. Wa wit komme der moaie ferhalen los oan dizze lês- en stamtafel want, it is ek in moetingsrûmte!
De Ferhalekeamer en de yntree binne oanklaaid mei ynformaasjepanielen en âlde foto’s fan ûnder oaren ferhalefertellers lykas de ferneamde mollefanger Andries Bijma. Nei it simmerskoft sil Pauline van Apeldoorn, berêder fan de Ferhalekeamer, dêr ‘húskeamerdiners opsnolkje mei ferhalen’ organisearje. Dy smeudige diners foar lytse groepen oant tsien persoanen wurde kulinêr fersoarge troch Acces catering te Eastermar.
Tagelyk is der Toeriste ynformaasje Post, TIP Eastermar, dy’t ek tahâldt yn de Ferhalekeamer. TIP helpt gasten op wei nei natoer, kultuer en alles wat Fryslân nijsgjirrich makket. Eastermar en omkriten binne mei de boat, rinnend en fytsend, yn de fuotspoaren fan de folksferhalesamler Dam Jaarsma te belibjen. Sa sille fan de simmer ôf ferskate Dam Jaarsma gongel- en fytsrûten oanbean wurde, op app en op papier. De nijsgjirrige Dam Jaarsma doarpsrûnlieding mei saakkundige gidsen, kin boekt wurde fia de Ferhalekeamer.
Iepeningstiden Ferhalekeamer/TIP:
Iepen dei 1 maaie 17.00- 20.00 oere
woansdei en freed 13.00 – 17.00 oere
sneon 10.00 – 14.00 oere
oare dagen en tiden: as de flage úthinget
Neiere ynformaasjee fine jo op: www.damjaarsma.nl en http://www.tip-eastermar.nl
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje