De iuw fan Geert Mak syn oerpake (diel 2)

april 30, 2015 20:32

De bakker, de moarden en it liberalisme fan de 18e iuw

Bakker Ludzer Petrus van der Molen (oerpake fan skriuwer Geert Mak) hie de famylje Dalstra ek yn syn klanterûnte. It wie swier om de einen oaninoar te krijen. De spitkeetbewenners Lammert Tijes, soan Marcus en neef Auke Freerks Dalstra hiene in famyljeplan tsjin earmoed betocht om út harren heukerich bestean wei te kommen. Op moandei 25 novimber 1867 fermoarden se it echtpear Wytze Tjeerds Hiddema en Sytske Wopkes Sietzema yn Nyegea. Dat dy wrede dûbele rôfmoard út willemoed in streek sette koe troch de liberale plannen om de deastraf ôf te skaffen, is grif nea yn harren opkaam.

 

De dûbele rôfmoard

As wy de feiten fan it ûndersyk nei de moard op it echtpear op ‘e rige sette, kin ik net oars konkludearje as dat it frjemd is dat de Dalstra’s net earder arrestearre binne.

Nei thúskomst fan de trije Dalstra’s moast it stellen spul plak ha. Lammert ornearre dat se it guod it bêste yn ‘e groppe bedobje koene. Soan Marcus gie akkoart en sa hawwe se tegearre it gouden earizer, sulveren skjirre en sulveren horloazje yn ‘e grûn ferstoppe. Doe binne se yn ‘e hûs gongen en ha se it stellen spek dield mei de oare húsgenoaten. Nei fjouwer dagen gie Marcus nei de merk yn Drachten. Trochdat er in skurf gewisse hie, fielde hy him ûnrêstich en opjage. Hy woe wolris witte wat de plysje wist. Sa kaam er fjildwachter Geart Oenes Schriemer tsjin en frege him wa‘t der fermoarde wiene. Dat wist elkenien en wêrom hy dan net? Fjildwachter Schriemer is mei dat ferhaal nei syn kollega Klaas Johannes Diemersen gongen. De famylje Diemersen koe de Dalstra’s út ‘e pinne, want sy wennen skean efter harren. Sa ha se tegearre, seis dagen nei de moard op 1 desimber 1867, al nei Marcus ta west om him dêroer te ûnderhâlden. As aliby joegen Lammert en Marcus op dat se om wurk sjoen hiene yn ‘e Pein by û.o boer Harmen Broers Kijlstra. Dat ferhaal hold net lang stân, want boer Kijlstra sei fan neat te witten. Dat se net oppakt binne foar in steviger ûnderhâld is in riedsel.

Te min bewiis neffens de Offisier fan Justysje Barend Brouwer en de rjochter-kommissaris. Yn in brief dy’t bewarre is yn it argyf fan de gemeente Smellingelân stiet it swart op wyt. De Dalstra’s binne tûk; se hawwe al ris in “heale buorkerij” stellen en noch wegeren se te bekennen. Dat binne allegearre flinke wurden om te ûnderstreekjen dat it dom wêze soe om se te arrestearjen. Se sille earst it gouden earizer, gaspen ensafuorthinne ferkeapje moatte. Dat wiene de mear gefaarlike stikken neffens de skriuwer. Brouwer neamde yn syn brief ek in oare fertochte, in Sietzema. Dat wie de broer fan de fermoarde boerinne en erfgenamt. Syn dochter Uilkje trout letter yn 1883 mei Teye Hendriks Dalstra. Hy moast omke sizze tsjin de fertochte Teye en wie dus in folle neef fan de oare beide moardners Auke en Marcus. Leafde oerwint, sille wy mar sizze.

Doch wiene it net de mear ‘gefaarlike stikken’, dy‘t de moardsaak fierder oan it rôljen brochten. It stellen jild fan de Dalstra’s rekke op en der moast wer bôle op ‘e planke komme. Yn dy tiid wie it hiel gewoan om klean as ûnderpân te jaan oan de bakker……….

Oare wike kinne jo lêze yn diel trije hoe’t de liberale Offisier fan Justysje Barend Brouwer besiket de arrestaasje fan de Dalstra’s út te stellen om de ôfskaffing fan de deastraf net yn gefaar te bringen.

Siebe Siebenga

april 30, 2015 20:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.