Boekeloo (3)
Resint ferskynd
Diskear helle ik út de bibleteek Bedoarne hannel, Friese Pers Boekerij 2014, skreaun troch Ferdinand de Jong.
It boek hannelet oer de gizeling fan in jongfaam fan in jier as 19. Fan hoe’t Sjaak Rijke befrijd is troch Frânske troepen witte wy hoe dreech oft it is om it plak te finen dêr’t ien troch profesjonele kriminelen fêsthâlden wurdt. Itselde tema fine wy werom yn Bedoarne hannel. De titel slacht op de moed en de krêft fan it famke om de situaasje nei har hân te setten.
De boeven yn de roman fariearje yn wreedheid en guon hawwe de eigenaardige oanwenst sa no en dan in bytsje leaf te wêzen. Blykber binne net alle misdiedigers like krimineel, en dat liket my realistysk. De resjersjeurs en de detektive binne sa as hiel faak yn dit soarte fan romans in espeltsje klongels dy’t (hiel Frysk) net tefolle prate, wat mear sûpe en harren relaasje minder wichtich meitsje oan it oplossen fan drege mystearjes. Tydlik fansels, dat wol.
By de oplossing spilet it tafal in grutte rol. Dat is ek realistysk: sjoch noch mar ris in kear nei de befrijing fan Sjaak Rijke. Dat ik krekt dit boek yn hannen krige is oars ek tafal, ik hie it al foar de Peaske yn ‘e hûs.
Lêst flot wei en jout ynsjoch yn it karakter fan homo’s. Sels fyn ik it fijn as dominante stjonkerts stevich op ‘e bealch krije, dat ik ha dit boek mei in soad ynstimmend knikken lêzen.
Klaske Hiemstra
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje