Boargemaster jout gastles op skoalle yn Feanwâlden

april 30, 2015 13:13

FeanwâldenOp woansdei 29 april hat boargemaster Sicko Heldoorn fan de gemeente Dantumadiel in gastles jûn op de OBS Dr. Theun de Vriesskoalle yn Feanwâlden. It ûnderwerp fan de gastles wie de de lokale oarlochsskiednis. Sa hie de boargemaster it ûnder oaren oer hoe’t Feanwâlden op 14 april 1945 befrijd wurden is troch de Kanadezen en dat dêr doe oan beide kanten ek slachtoffers fallen binne,.

Hja hawwe it hân oer it monumint oan de Spoarstrjitte dat der kommen is ta oantinken oan de fiif slachtoffers fan de oarloch út Feanwâlden: Jan Jacob de Groot, Berend Julius, Johannes Prins, Tjalling Talma en Jan Viersen. It monumint is troch de skoallen yn Feanwâlden adoptearre.
Heldoorn hat ek in fertsjusteringsfytslampke sjen litten en de unike befrijingspinning dy’t de leden fan de NBS út Feanwâlden nei de oarloch krigen hawwe. Op de pinning wurdt in NBS’er ôfbylde mei op de efterkant de Skierstins en de ynskripsje “Bevrijding Veenwouden 14 april 1945”.

De learlingen krigen as oantinken oan de les in plastifisearre foto mei oan de ien kant in ôfbylding fan niisneamde pinning en op de oare kant in foto fan de earste Kanadezen op ‘e Syl yn Dokkum.

Op freed 1 maaie sil boargemaster Heldoorn noch in gastles jaan op de CNS yn Wâlterswâld.

april 30, 2015 13:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.