Armeenske genoside hjoed iuw lyn

april 24, 2015 00:28

De massamoard op Armeniërs wurdt hjoed, presys in iuw neidat er út ein sette, swiid betocht yn de Armeenske haadstêd Jerevan. It begrutsjen mei it ûnbidige oantal slachtoffers stiet meastal yn it skaad fan it aloan en wer hottefyljen oer hoe’t de slachting krekt hjitte moat: Armenië wol perfoarst dat dy beskôge wurdt as genoside, Turkije wol dat net wêze. Nederlân hâldt him derbûten en stjoert allinnich in ambassadeur nei de betinking. De paus spruts him okkerdeis wol dúdlik út en neamde de moardnerij de ‘earste genoside fan de tweintichste iuw’; Turkije wie poer en naam de Fatikaanske ambassadeur geweken. Wat barde der no krekt, op dit stuit sekuer 100 jier lyn?

Eftergrûn

Armenië hat fan de 15e iuw ôf diel útmakke fan it Ottomaanske Ryk. Yn de 19e iuw wie dat ryk yn ferfal rekke en troch ferskillende krigen mei de tsaar fan Ruslân grûn kwytrekke. Nei de Russysk-Turkske Oarloch yn 1878 easken de foar it meastepart Armeensk-ortodokse Armeniërs herfoarmingen, wêrûnder stimrjocht en in ein oan de diskriminaasje fan kristenen. Sultan Abdûl Hamid II kaam fanwegen mei hurde hân en op syn befel waarden tûzenen Armeniërs yn it lân fermoarde.

Yn 1908 waard yn Turkije de macht grypt troch de Jonge Turken. Dy machtsoernimming waard ynearsten troch de Armeniërs stipe. Yn de Earste Wrâldkriich keas it Ottomaanske ryk de side fan Dútslân en rekke it lân yn oarloch mei Ruslân. De Armeniërs woenen ûnôfhinklik bliuwe yn it konflikt, mar sleaten letter ferdraggen mei de Britten en de Russen. Dy ferdraggen moasten it ûntstean fan in selsstannich Armenië yn de eastlike provinsjes fan Anatoalje mooglik meitsje.

Yn dat gebiet wennen doe in soad Armeniërs en in part fan Armenië foel al in skoft ûnder Russysk bestjoer. Oan Russyske kant fochten yn 1915 yn totaal sân grutte Armeenske frijwilligersbrigades. Dêrnjonken kamen ferskillende groepen Armeniërs yn opstân, ûnder oare yn de stêden Fan en Zeytun (Süleymanly).

Armeenske mem mei dea famkeGenoside

As it front tichteby komt binne de Turken benaud dat mear Armeniërs harren by de Russen oanslute sille. Troch de Ottomaanske regearing wurdt besluten alle Armeniërs nei de Syryske woastyn ta deportearjen. Op 24 april 1915 wurde hûnderten oant tûzenen leden fan de Armeenske elite sûnder ek mar ien foarm fan proses yn Konstantinopel (Ystanbûl) fermoarde. Dy dei sil by de Armeniërs altiten yn it ûnthâld bliuwe en wurdt sjoen as it begjin fan de folkemoard.

Fan offisjele kant (Talaat Pasja) waard as reden foar de deportaasje opjûn de opstannen troch en “massamoarden” troch Armeniërs. De deportaasje hie yn wêzen gjin bestimming, mar wie ynearsten organisearre yn ‘e rjochting fan de stêd Aleppo en fan dêrwei nei de Deir ez-Zor-woastyn. Nei alle gedachten hawwe der 25 grutte konsintraasjekampen west dy’t ûnder lieding stiene fan Sükrü Kaya. De measte leinen yn it tsjintwurdige Syrië, dêr’t sommige fan allinnich as trochfierkampen tsjinne hawwe.

Underweis fan de ferskillende parten út it lân nei Syrië waard min soarge foar iten of drinken foar Armeniërs. Neffens omstanners en histoaryske dokuminten gienen in protte Armeniërs dea by de marsen troch toarst, honger en sykten of waarden dearânsele of deasketten troch Turkske soldaten. Dêrby waarden Armeenske froulju en famkes ûnderweis geregeldwei oantaast. Oare Armeniërs, neffens de Britske histoarikus Martin Gilbert de mearderheid fan de slachtoffers, waarden yn of tichteby harren wenplakken fermoarde. [1]

Tal slachtoffers

It tal slachtoffers hat nea offisjeel fêststeld west. Histoarisy binne it dêr noch hieltyd net oer iens. Turkske, Armeenske en westerske skiedkundigen prate elkoar tsjin op dat stik. De measte Turkske en westerske histoarisy hâlde it op 200.000 oant 500.000 slachtoffers, Armeenske en westerske histoarisy sprekke fan 600.000 oant oardel miljoen slachtoffers.

De Amerikaanske histoarikus Bernard Lewis hâldt it op ‘mannige hûnderttûzenen oant miskien wol in miljoen’ slachtoffers.[2] Neffens de Britske histoarikus Martin Gilbert leit it tal om-ende-by in miljoen, dêr’t 600.000 fan fermoarde binne yn Anatoalje en 400.000 troch geweld en de hongerdea geandewei de deportaasjes nei woestinen yn it hjoeddeiske Syrië en Irak. Jitris 200.000 Armeniërs waarden twongen harren te bekearen ta de islam.[1] De Britske histoarikus Peter Mansfield skat it tal slachtoffers op ien-en-in-fearnsdiel oant oardel miljoen.[3] De Nederlânske wittenskipper Erik-Jan Zürcher hâldt it op 600.000 oant 800.000 slachtoffers.[4] Ton Zwaan skat it tal op 800.000 oant 1 miljoen [5] De Amerikaanske politikolooch Rudolph J. Rummel hat berekkene dat tusken 1900 en 1924 likernôch 1,8 miljoen Armeniërs deade binne.[6]

Ynternasjonale erkenning en ûntkenning

Robert Fisk hâldt yn syn boek ‘De grote beschavingsoorlog’ út, dat de Armeenske genoside de earste Holocaust wie, dêr’t ek in soad Dútsers yn behelle wiene, dy’t ferlykbere ferdylgings- en ferswijingstaktiken in pear desenniums letter op ‘en nij tapasse soene. Winston Churchill warskôge mear as ien kear tsjin dy praktiken: “De skiednis sil fergees sykje om it wurd ‘Armenië’.”[7]

Westerske histoarisy, dêr’t ferskate Turkske ûnder binne, ûnder oaren Taner Akçam, Fatma Muge Gocek en Halil Berktay, en de fermoarde Hrant Dink, binne it der yn it generaal oer iens dat in genoside plakhân hat. Turkske en oare Westerske wittenskippers, skiedkundigen dy’t har spesjaal talein hawwe op de skiednis fan it Ottomaanske Ryk, sa as Bernard Lewis, Justin McCarthy en Gilles Veinstein, hâlde it op deportaasje en massamoard fan Armeniërs, mar wolle faak wol in etnyske suvering ynskikke. Turkije wol formeel neat witte fan genoside en ferset him tsjin ynternasjonale erkenning dêrfan. In oantal wittenskippers mient dat der te min wittenskiplik bewiis fûn is om definitive konklúzjes te lûken. De ynternasjonale diskusje rjochtet him meast op wat no krekt de definysje fan genoside is en wa’t yn dat gefal sizze sil dat it genoside west hat.

Boarne: Wikipedy

april 24, 2015 00:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.