Anselmus bewiist dat God bestiet

april 16, 2015 08:00

De 11e iuw, wa ken him net? Wat ferdwynt it ferline gau út it ûnthâld! As je lju op strjitte freegje soene, ‘fertel wat je witte oer de 11e iuw’, dan soene se neat sizze kinne.

Iksels oars ek net. Mar no al, want ik ha krekt “Gods filosofen” werlêzen fan James Hannam. Yn de ‘tsjustere’ midsiuwen waard neffens de skriuwer de basis lein foar de moderne wittenskip, en dêr koe er wolris gelyk oan ha. It Gryksk-Romeinske erfskip sloech yn West-Europa better oan as yn súdliker kontreien, tanksij allegearre kristlike filosofen lykas Augustinus en Thomas fan Aquino dy’t it klassike tinken fan Plato en Aristoteles yn de teology bemongen.

Mar werom nei de 11e iuw: de iuw fan Anselmus. Anselmus wie in Italiaan dy’t úteinliks biskop fan Canterbury waard. Mar hy is ferneamd om syn GODSBEWIIS. It rint alsa. Hy definiearret earst God.

God is it meast folmakke dat in minske him yntinke kin. No, dêr kinne wy it mei iens wêze, is it net sa? Dan komt syn twadde stap.

Wat bestiet is superieur oan wat net bestiet. Dat heart ek net raar. (Kambuer sil altyd mei 1-0 winne fan in imazjinêre klup dy’t net yn it fleis op it fuotbalfjild ferskynt.)

Mar no folget de konklúzje al: it meast folmakke dat in minske him yntinke kin, is per definysje in God dy’t bestean moat. De net-besteande God dêr’t ateïsten tsjin te kear geane, mei net de namme fan God ha, want dy is ynferieur oan de gedachte oan dyselde God dy’t al bestiet. Oars sein: it meast folmakke yntinksel fan de minske moat ek de eigenskip ha dat it bestiet, oars soe it net folmakke wêze.

Teologyske pirûetsjes? Sofistyske optinksels? Ja, mar it hat ek syn nut om by de swetten fan it minsklik witten om te strunen. It fassinearret, it daget út en it makket beskieden.

Eric Hoekstra

april 16, 2015 08:00
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. jelle april 16, 18:10

    Goed nijs dat God dochs bestiet en 900 jier
    foar Dawkins.

  2. Rob april 16, 22:20

    “God is it meast folmakke dat in minske him yntinke kin. No, dêr kinne wy it mei lykfine, is it net sa?” No, nee.

  3. Aage M april 17, 15:36

    De battle of Hastings bigeliks? Filosofy fan’e strjitte troch mountsen dy it te folle yn it gleske snoen hiene.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.