Albert Einstein tinkt nei oer God

april 23, 2015 09:40 Fernijd

Fanatike ateïsten binne as slaven dy’t it gewicht fan har kettingen noch fielle ek al ha se dy (mei in protte lijen) ôfwurpen. It binne wêzens dy’t de tradisjonele ‘opium fan it folk’ sa min lije meie dat se de muzyk fan ‘e sfearen net hearre.

Nee, it is net de paus dy’t dit sein hat, of de dûmny yn ‘e tsjerke fan Lytsehoekhove. It wie de grutte Albert Einstein sels. Hoe seach de God fan Einstein derút?

Is Er in persoan? Neffens de Bibel en de Koran is God in persoan. Albert Einstein leaude net dat God in persoan is. Hy sei dêroer: It idee fan in persoanlike God is my alhiel frjemd en liket sels nayf.

Foar Einstein iepenbiere God him yn de oarder dy’t der is yn it universum. Dy oarder koe er as wittenskipper ûndersykje en begripe mei de wetten fan oarsaak en gefolch. Al skikte er fuort yn dat it minsklik begryp tige beheind is.

Wy binne as in bern dat yn in biblioteek omstapt dy’t fol stiet mei boeken yn alderhande talen. It bern wit dat ien de boeken skreaun hat, mar net hoe as wat. Hy begrypt de talen net. Hy nimt in plan waar yn de oardering fan de boeken, in mysterieus plan, dat er net begrypt mar dêr’t er in aan fan hat.

Dit mystike gefoel is neffens godstsjinstwittenskippers in ding dat yn alle godstsjinsten werom te finen is. Mystyk liket de universele godstsjinst te wêzen, basearre op ferwûndering en ûntsach foar oarder en harmony. De moaiste emoasje dy’t wy fielle kinne is it mystike.

De moraal wie foar Einstein in minskeding, net wat godliks. Mar hy fûn al dat it de wichtichste minsklike aktiviteit is om moreel te hanneljen. De moraal moat net op God mar op it selsstannich neitinken fan de minske basearre wêze. Einstein identifisearre it goede dus net mei it godlike.

Wol grappich: wat Einstein oer ateïsten seit, is op in side fan ateïsten sels wer net te finen!

Eric Hoekstra

april 23, 2015 09:40 Fernijd
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Luitzen april 24, 17:52

    Om de bydragen dy’t er oan de wittenskip levere hat wurdt Albert Einstein faak sjoen as ikoan foar de wittenskip, wierheid en tûke minsken (in einstein is in tige tûk persoan). Der wurdt faak fergetten dat Einstein ek in gewoan minske wie en dat er it ek gauris by it ferkearde ein hie. Hy hie it by it ferkearde ein doe’t it op de kwantummechanika oankaam en hy kin it likegoed by it ferkearde ein hân ha as it it bestean fan god oanbelanget.

    Oft Einstein no wol as net yn god leauwde en wat dat no krekt ynhâlde, dêr kinne wy it lang oer ha, mar ien ding wêr’t wy al wis fan wêze kinne is dat er net leauwde yn in o sa bernich en o sa achterlik idee oer God as de measte Joaden en Kristenen dy’t alle wiken yn ‘t tsjerke komme. At Albert Einstein al leauwde yn in soart fan god, dan wie dat in god dy’t it mysterieuze en bysûndere fan de natuer belichemde, net in God sa’t de measte minsken him kinne of sels mar begripe kinne. De measte minsken, mei ynbegryp fan de skriuwer fan dit stikje, binne te simpel fan geast om syn idee fan god begripe te kinnen.

  2. P. Hekstra oktober 11, 12:03

    Begjin jierren ’60 haw ik in prachtich boekje fan ir Felix Ortt lêzen, dat hie de titel “Heelal, Opperwezen en Religie” en gie oer de ideeën fan Einstein. It is dus lang ferlyn, mar it heucht my net, dat Einstein him ôfsette tsjin de opfetting fan it Opperwêzen as Persoan. Troch dit boekje haw ik leard wat wiskunde is, dat it hielal der fol fan sit en dat de mooglikheid bestiet, dat der in Arsjitekt achter sit.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.