Wike fan ‘e Bretonske taal

maart 25, 2015 00:45

Oer in pear dagen begjint de wike fan ‘e Bretonske taal. Films, muzyk, kursussen, ferhalefertellers en Bretonske hapkes moatte bydrage oan ‘e promoasje fan ‘e keltyske taal fan Bretagne.

Yn ‘e regio Pays d’Auray yn Súd-Bretagne, wurdt in soad organisearre. Yn de streek binne ferskate saneamde ‘Diwan-skoallen’, dêr’t it Bretonsk de iennichste ynstruksjetaal is. De wike is net allinne foar Bretonsktaligen ornearre, mar ek foar oaren dy’t der belangstelling foar hawwe. Daniel Carré, ien fan ‘e organisators, seit: “De doarren steane iepen. Net-Bretonsktaligen binne wolkom. De wike is yn it foarste plak foar harren, dan kinne se mei de taal yn ‘e kunde komme en ûntdekke dat it Bretonsk wier in libbene taal is.”

De wike fan it Bretonsk begjint op sneon 28 maart en einget op moandei 6 april. Sûnt 2012 wurdt er alle jierren organisearre. In oersjoch fan alle aktiviteiten yn it ramt fan ‘e wike is hjir te finen: link.

maart 25, 2015 00:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.