Wer in winter sûnder natueriis: wen der mar oan

maart 1, 2015 15:51

It ôfrûne winterseizoen wie foar meteorologen en reedriders o sa saai, sa falt oan de ein fan de meteorologyske winter te konkludearjen. De winter fan 2015 past lykwols alhiel yn de ferwachte trend fan in opwaarmjend klimaat.

Mei in ôfwikseling fan mylde en wat kâldere riten bedarre de trochsneed temperatuer yn Nederlân op 4,1 °C foar in langjierrich gemiddelde (oer it tiidrek 1981 – 2010) fan 3,4 °C oer. It KNMI klassifisearret de winter dêrmei as ‘frijwat sêft’. Utsjitters wienen der ek net, likemin as bysûnderheden, of it moat de 15 sm snie yn Noard-Brabân fan ein desimber wêze, de glêdens troch snie en izel op 24 jannewaris en 7 febrewaris en de sechtsjin rûzige dagen mei swiere wynstjitten (> 75 km/oe) yn jannewaris.

Foar leafhawwers fan natueriis is fansels it oantal dagen mei froast fan belang. Dat wienen der yn De Bilt 36 en foar normaal 38 (yn it niis al neamde tiidrek) oer, skilde dat noch net alles. Mar folle wichtiger is fansels de fûlens fan de froast en dy foel o sa ôf. In gaadlike mjitte dêrfoar is it kjeldgetal fan Hellman (it trochsneed tal graden froast oer elts etmiel opteld oer it skoft tusken 1 novimber en 31 maart) dat op dit stuit op 7,8 stiet. Op grûn fan dat getal, dat dus it winterske karakter better beskriuwt as de trochsneedtemperatuer, moat de winter fan 2015 oant no ta as bûtenwenstich myld klassifisearre wurde. As der yn maart gjin froast fan betsjutting mear komt – hoewol’t de foarsizzings dêr net op wize is dat net alhiel út te sluten, yn 2005 is der bygelyks op 6 maart noch wakker reedriden – komt dizze winter op dy wize besjoen yn de toptsien fan minst winterske winters. Op de nûmer ien fan dy ranglist stiet de winter fan ferline jier, dy’t mei in kjeldgetal fan 0,0 eins nea mear echt te ferslaan wêze sil.

Hellman getallenDe hichte fan de Hellmangetallen takket langer ôf (boarne KNMI)

Mar falt it net wat ta mei de klimaatopwaarming, sjoen it feit dat der foar foarrich jier fiif winters lang aardich riden wurde koe op natueriis? KNMI-meiwurker Geert Jan van Oldenborgh konkludearre yn in artikel yn it fakblêd Meteorologica ôfrûne hjerst fan net. De winters 2009-2013 wienen kâlder as dat op it heden normaal is, mar neffens de noarmen fan eartiids wienen se net kâld, yn it klimaat fan in heale ieu lyn sels hiel normaal. De sidesêfte winters fan 2014 en 2007 rinne der dêrfoaroer al út, sels yn it hjoeddeistige klimaat; eartiids soenen it neffens Oldenborgh ‘ûnwierskynlike útsjitters’ west hawwe. Meidat dy winters dêrmei foarboades binne foar it klimaat fan de takomst is soks min nijs foar leafhawwers fan natueriis. Reedriders seagen mei ûlseagen twa opinoar folgjende winters alhiel sûnder natueriis oan. Dat der net iens efkes op doalen of splis steand lân riden wurde koe, kaam oant no ta net faak foar. Yn de ôfrûne tritich jier wie dat allinnich twa jier efterelkoar it gefal yn 1988 en 1989 en fierders noch yn de jierren 1998, 2000 en 2007. Mar hja sille der oan wenne moatte.

Reedride op natueriis yn de winter fan 2015: it koe net.

Witte jo noch hoe’t de winters de ôfrûne jierren ferrûnen? Bring it jo hjirmei wer yn it sin:

2014

2013

2012

2011

2010

maart 1, 2015 15:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.